Napoleon Bonaparte
Ut Wikipedy
Napoleon Bonaparte (15 augustus 1769 – 5 maaie 1821) wie in generaal fan de Frânske Revolúsje en wie de liedsman fan Frankryk as Earste Konsul fan de Frânske Republyk fan 11 novimber 1799 oant en mei 18 maaie 1804 en dêrnei as Keizer fan de Frânsen en Kening fan Itaalje ûnder de namme Napoleon I fan 18 maaie 1804 oant 6 april 1814, en noch in kear fan 20 maart oant 22 juny yn 1815.
Napoleon wurdt beskôge as in militêr sjeny, en is ferneamd fan it lieden fan in grut tal súksesfolle kampanjes, hoewol der ek in pear spektakulêre mislearrings tusken sieten.
Yn de rin fan krekt mear as 10 jier bemachtige hy de kontrôle oar it grutste part fan west en sintraal Jeropa troch oerweldiging en troch ferdragen te slúten, oant syn nederlaach yn de Slach by Leipzig yn oktober 1813. In pear moanne letter waard er ôfset en finzen set op it eilân Elba. In 10 moanne letter kaam der wer oan de macht, dizze tiid stiet bekend as de Hûndert Dagen. Hy waard úteinlik ferslein yn de Slach by Waterloo yn Belgje op 18 juny 1815. Koart dêrnei waard er opnij finzen naam troch de Ingelsen en waard der ferballe nei it eilân Sint Helena, der't er yn 1821 stoarn is.