See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Belgje - Wikipedy

Belgje

Ut Wikipedy

Koninkrijk België
Royaume de Belgique
Königreich Belgien
Flagge fan Belgje Wapen fan Belgje
Motto: Eendracht maakt macht
L'union fait la force
Einigkeit gibt Stärke
(
Nederlânsk, Frânsk en Dútsk: Iendracht makket Macht)
Folksliet: Brabançonne
Lokaasje fan Belgje
Offisjele taal Nederlânsk
Frânsk
Dútsk
Haadstêd Brussel
Steatsfoarm Federale monargy
Gebiet
% wetter
32.545 km²
6,2­%
Ynwenners (2002) 10.309.725
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +1
Nasjonale feestdei 21 july
Lânkoade BEL
Ynternet .be
Tillefoan +32

Belgje (Nederlânsk: België; Frânsk: Belgique; Dútsk: Belgien) is in lân in West-Jeropa. De haadsted is Brussel, wat ek wurdt beskôge as de politike haadstêd fan Jeropa. De kening fan de monargy is sûnt 1993 Albert II

Belgje wurdt begrinzge troch:

Bestjoerlik is de steat Belgje opdield yn Waloanje, Flaanderen en it gewest Brussel.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

Yn âlde tiden waard Belgje befolke troch ferskate Keltyske folken, wêr't de Menapii de wichtichste fan wiene. Letter yn de Romeinske tiid waarden alle Keltyske stammen yn it gebiet tusken Noardsee, Ryn, Seine en Marne (Súd-Nederlân, Belgje, Noard-Frankryk en parten fan West-Dútslân) meiïnoar oantsjutten as Belgae en hearde by it Romeinske ryk.

Nei it tiidrek fan de Romeinen krigen de Franken it foar it sizzen yn Belgje en yn de midsieuwen hearde it ôfwikseljend by it Frankyske ryk en Dútske ryk. De Skelde tsjinne as grins tusken beide riken. Yn de 15e ieu kaam it yn hannen fan de Habsburgers en op de ein fan de 18e ieu troch de Frânsken. Nei de nederlaach fan Napoleon yn 1815 gong Belgje op yn it Feriene Keninkryk der Nederlannen om sa in buffersteat te foarmen tsjin Frankryk. Belgje waard yn 1830 útroppen ta in ûnôfhinklike konstitúsjonele monargy. It biedwurd fan België is iendracht makket macht. Dizze iendracht sloech yn 1830 op de feriening fan de njoggen provinsjes. Dizze njoggen provinsjewapens binne ek fertsjintwurdige yn it wapenskyld fan it lân.

Yn de Earste Wrâldkiich waard Belje sawat hielendal beset troch Dútslân. Inkeld it gebiet efter de Izer yn West-Flaanderen koe doe ûnder Belgyske kontrôle bleauwe. Yn de Twadde Wrâldkriich kapitulearre it Belgyske leger nei achttjin dagen striid en waard it alhiel beset troch Dútslân. Yn septimber 1944 soe it grutste part troch Alliearden befrijd wurde. De spannings tusken Nederlânsktalige Flamingen yn it noarden en de Frânkstalige Walen yn it suden hawwe de lêste jierren lieden ta konstitúsjonele feroaringen. Sadwaande waard Belgje in federale steat mei trije gewesten en mienskippen.

[bewurkje seksje] Geografy

[bewurkje seksje] Hichte

Belgje wurdt fan it easten nei it westen hieltiid leger. Yn it easten binnen de Ardennen en de Hege Feanen, mei as heechste punt it Signal de Botrange. Dan it gebiet tusken de rivieren, wat net sa heech is, mar dêr't al noch hichteferskillen binne. En perslot komt yn it westen it flakke lân, mei polders yn it binnenlân en dunen oan de seekust.

[bewurkje seksje] Rivieren

Yn it easten komt de Maas út Frankryk nei it noarden it lân yn, komt by Namen gear mei de Samber, rint dan nei it noardeasten nei Luik, en rint dan wer nei it noarden Nederlân yn. Westliker komt de Skelde by Doornik út Frankryk it lân yn, rint nei it noarden nei Gent, dan eastliker nei Antwerpen, en fan dêr nei de Nederlânske grins. Yn it westen komt de Yser út Frankryk en rint yn de omkriten fan Nijpoart yn see.

[bewurkje seksje] Kaart

Kaart fan Belgje
boarne: The World Factbook CIA

[bewurkje seksje] Gearwurking

Belgje is in stiftend lid fan de Benelúks (1944), de Feriene Naasjes (1945), de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje (1949), de Rie fan Jeropa (1949) en de Jeropeeske Uny (1957).

[bewurkje seksje] Keppelings om utens

Oare talen


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -