Web Analytics

See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Fryske eilannen - Wikipedy

Fryske eilannen

Ut Wikipedy

De Fryske eilannen (ek wol: Waadeilannen) lizze yn de Noardsee, benoarden Nederlân en Dútslân en ten westen fan Denemarken. Tusken de eilannen en de fêste wâl leit de Waadsee, dy’t by eb foar it grutste part droechfalt en dêrtroch in tige wichtich fûrazjeargebiet foar fûgels is.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Untsteansskiednis

[bewurkje seksje] Stiging fan de seespegel

Yn de lêste Iisstiid, dy’t sawat 12.000 jier lyn einige, lei de seespegel ûngefear 60 meter ûnder it hjoeddeiske nivo. Troch it ranen fan de iiskapen riisde de seespegel en oerspielde it wetter de foar it grutste part droechfallen Noardsee. De hjoeddeiske kustline waard ûngefear 7000 jier lyn berikt. Troch eb- en floedwurking waard in protte sân nei de kust transportearre. Dit sân heape him op by de rotsen en efter begroeiing.

Der ûntstie in grutte en oanslutende rige dunen dy’t him útstrekte fan it tsjintwurdige Belgje oant de mûning fan de Elbe, tichtby wêr’t no Hamburch leit.

Om it begjin fan de jiertelling hinne fermindere de stiging fan de seespegel. De see hie lykwols al bressen slein yn de dunerige en it dêrefter lizzende legere lân omfoarme ta de hjoeddeiske waadflakte. De hieltyd mar hinne-ende-wer geande tijstreamen slieten hjir slinken yn út en sa ûntstienen de Fryske eilannen.

[bewurkje seksje] Bewenningsskiednis

Al fier foar it begjin fan ús jiertelling wie der minsklike bewenning yn it waadgebiet. Oant de achtste ieu nei Kristus wenje de minsken benammen op terpen. It libbensomstannichheden wiene min,sa’t út in sitaat fan de Romein Plinius bliken docht:

.....wat is de natuer en karakteristiken fan it libben fan minsken dy’t libje sûnder beammen of struken. Wy ha yndie sein dat yn it easten, oan de kusten fan de oséaan, in oantal rassen yn sokke earmoedige kondysjes ferkeare; mar dit jildt ek foar de rassen fan folken dy’t de Grutte en Lytse Ghaucen neamd wurde, dy’t wy sjoen hawwe yn it noarden. Daar stoart, twa kear yn elke perioade fan in dei en in nacht, de oséaan him mei in snel tij him oer in ûnmjitlike flakte, dêrby de ieuwenâlde striid fan de Nature ferhoaljend of it gebiet ta it lân of ta de see heart. Dêr bewennet dit miserabele ras ophege stukken grûn of platfoarms, dy’t se mei de hân oanlein ha boppe it nivo fan it heechst bekende tij. Libjend yn hutten boud op de keazen plakken, lykje hja op seelju yn skippen as it wetter it lân dêromhinne bedekt, mar op skipbreklingen as it tij him weromlutsen hat, en om harren hutten fange se de fisk dy’t besiket fuort te kommen mei it ôfgeande tij. It is foar harren net mooglik om kuddes te hâlden en te libjen op molke lykas stammen dêromhinne, hja kinne net iens mei wylde bisten fjochtsje, omdat it bosklân fier fuort leit. Hja flechtsje touwen fan sigge en bizen fan de moerassen om dêrmei netten sette te kinnen om fisk te fangen, en hja grave modder op mei harren hannen en droegje it mear yn de wyn as yn de sinne, en mei ierde al branje ferwaarmje se harren fiedsel en harren eigen lichems, beferzen yn de noardewyn. Harren ienige drank komt fan it opslaan fan reinwetter yn tanks yn it foarhôf fan harren huzen. En dit binne de rassen dy’t at se no oerwûn wurde troch de Romeinske naasje, sizze dat se ferfalle ta slavernij! It is mar al te wier: Het lot sparret de minske by wize fan straf.

Om it jier 1000 wurdt begûn mei de oanlis fan diken. In belangrike rol wurdt hjirby spile troch de kleasterlingen, ûnder oare dy fan it Kleaster fan Aduard. Mar ek dêrfoar waard al besocht om de see te betwingen. By Peins (yn de gemeente Frjentsjer) is in 40 meter lang stik dyk ûntdekt dat nei alle gedachten stammet út de earste of twadde ieu foar Kristus.

Yn de lette midsieuwen krijt de bediking hieltyd mear foarm en nimt de wetteroerlest ôf. Fan de santjinde ieu ôf wurde de diken troch lânoanwinning hieltyd mear opskood. It hichtepunt hjirfan is yn de njoggentjinde en tweintichste ieu.

[bewurkje seksje] Behâld fan de Westfryske/Hollânske kust

Ek de dunerige besuden de Waadsee wie bleatsteld oan dit proses, mar ingripen fan de minske foarkaam dat de protte stoarmfloeden de kust fan de provinsjes Noard- en Súd-Hollân definityf feroaren yn losse eilannen mei in waadflakte dêrefter. In soad stoarmfloeden om 1200 hinne hiene wol ta gefolgen dat de noardlike kust fan West-Fryslân útinoar bruts yn fiif eilannen. Om 1600 hinne wienen de fjouwer oan de westkust al wer weromwûn, mar Wieringen, ten súdeasten fan Tessel, bleau oant yn de 20e ieu in eilân. Troch sommigen wurdt Wieringen dêrom by de Fryske eilannen rekkene, al hat it eins in oare ûntsteansskiednis: it is in “dúnwâl”(?) út de Riss-iistiid.

[bewurkje seksje] Bediking fan it waad

Yn Fryslân en Grinslân binne party plannen makke om de Waadsee yn te dykjen en droech te meitsjen. Sadwaande soenen de eilannen wer in diel wurde fan de fêste wâl. Natoer- en miljeubewegings hawwe dit troch aksjefieren opkeare kind.

It ienige, net botte súksesfolle plan dat ea útfierd is, is de oanlis fan in daam fan Holwert nei It Amelân, yn 1872 op it doedestiidske wantij. De daam rûn al gau neil de oanlis safolle skea op, dat al yn 1882 besletten waard om de daam op te jaan. De daam is sûnt dy tiid hast hielndal fuortslein, al binne der, ûnder oaren oan beide úteinen, noch restanten te finen.

Yn de noardlike Waadsee blykt it bouwen fan damen in stik ienfâldiger. Nordstrand is no sasear mei diken oan de wâl ferbûn dat der eins gjin sprake mear is fan in eilân, en ek Langeness, Oland, Nordstrandischmoor, Hamburger Hallig, Sylt en Rømø binne allegear oer in daam te berikken. Mandø is sels sûnder dam berikber, oer in tijdyk.

[bewurkje seksje] Untwikkeling

[bewurkje seksje] Kuierjen

De Fryske eilannen binne hieltiten yn beweging. De belangrykste beweging is it ‘kuierjen’: de eilannen ferpleatse harren stadich mar seker fan west nei east. Oan de westkant ferdwine de measte eilannen stadichoan yn see en oan de eastkant ûntsteane der hieltyd gruttere sânbanken. It kuierjen is ek de oarsaak dat de measte doarpen oan de westkant fan harren eilân lizze. Doe’t se stifte waarden leinen se meastal middenop. Yn de rin fan de lêste ieuwen binne al in soad huzen en sels folsleine doarpen yn see ferdwûn.

[bewurkje seksje] Heakfoarming

De twadde beweging is de heakfoarming: by de seegatten lâns ûntsteane heakfoarmige sânrichels, dy’t fan foarm feroarje mei it ferskowen fan de see-earm. Troch it oanwaaksen fan de heakken ûntsteane nije platen lykas de Noarder- en Suderheak. Somtiden groeit sa’n plaat, ûntsteane dêr’t in eilân weikuiere is, wer fêst oan it eilân, wêrtroch’t it ferlerne gebiet weromwint.

[bewurkje seksje] Types waadkusten

Undersyk hat útwiisd dat der in beheind oantal mooglike types waadkusten binne. Dizzen binne ôfhinklik fan de omstannichheden op dat plak, lykas de hichte fan it tijferskil en de gemiddelde weachhichte.

Yn it algemien jildt dat in grut tijferskil yn kombinaasje mei in lege weachhichte liedet ta in tige ‘iepen’ kust, sûnder eilannen, mei inkel sânplaten en in grut gebiet mei kwelders en waadplaten.

Mar at lykwols in hege gemiddelde weachhichte yn kombinaasje mei in lyts tijferskil, ûntstiet in sletten kust mei tige lange eilannen ( tsientallen kilometers), mei dêrefter in lagune mei in in pear oant hast gjin waadplaten.

Der binne fiif soarten waadkusten:

  • type 1: tijferskil is dominant; gjin eilannen, grutte kwelders en strânflaktes
  • type 2: troch weagen opboude richels, bytiden ‘primitive’ eilannen.
  • type 3: withoefolle seegatten en (koarte) eilannen
  • type 4: ôfnimmend tal eilannen, langere eilannen
  • type 5: weachhichte is dominant; lange oaniensletten barriêres

(Bron: M.O. Hayes, Barrier island morphology as a function of tidal and wave regime. In: S.P. Leatherman (ed) Barrier islands, from the Gulf of St. Lawrence to the Gulf of Mexico, Academic Press, 1979.)

De gemiddelde weachhichte by Rottum is sawat 1 meter wylst it gemiddelde tijferskil mear as 2 meter is. Hjirút docht bliken dat de Nederlânsk/Dútske waadkust yn type 3 falt, karakterisearre troch in soad (koarte) eilannen en in soad seegatten.

[bewurkje seksje] Fryske eilannen yn Nederlân

ofbyld:WaddeneilandenNL.png
Fryske eilannen yn Nederlân
1. Noarderheaks; 2. Richel;
3. Gryn; 4. Rif;
5. Ingelsmanplaat; 6. Simonssân;
7. Rottumerplaat; 8. Rottumereach.

(hielyd fan west nei east:)

[bewurkje seksje] Bewenne

Mei in ezelsbrechje kinne dizze fiif ûnthâlden wurde as: "TV-tas".

[bewurkje seksje] Unbewenne

Sa’t út de nammen al blykt, foarmje dizze gebieten de oergong fan eilân en sânplaat. Gryn en Rottumereach wurde oer it algemien as eilân beskôge, de oaren wurde achte om sa no en dan ûnder de weagen te ferdwinen. Oare ûnbekendere sânplaten en ûnbewenne eilannen binne It Skutter ten noardwesten fan Tessel, Bûten Grûnen ten noardwesten fan It Skutter en De Hollen ten súdeasten fan Tessel. It eardere eilân Wieringen leit yn de kop fan Noard-Hollan, tsjin de Ofslútdyk oan.

[bewurkje seksje] Fryske eilannen yn Dútslân

( Safolle mooglik fan west nei east en fan súd nei noard: )

[bewurkje seksje] Bewenne

[bewurkje seksje] Unbewenne


Fan ferskillende Fryske eilannen yn Dútslân ôf kin in boattocht makke wurde nei it rotseilantsje Helgolân dat 70 kilometer út de kust leit yn de Dútske Bocht. Dat heart net echt by de Fryske eilannegroep, mar der binne sterke kulturele bannen mei it waadgebiet. Sa prate se dêr in dialekt fan it Noardfrysk.

Nammers, net alle boppeneamde eilannen binne offisjele eilannen. Om oan de definysje fan in eilân te foldwaan moat minimaal 160 hektare by trochsneed heechwetter net mear troch de Noardsee oerspield wurde. In july 2003 makke de Dútske kustbeskerming (NLWK) bekend dat de sânbank Kachelotplate, benoarden de Eems tusken Borkum en Juist, in de ôfrûne jierren sa oangroeid is dat it in echt eilân wurden is. De sânplaat beslacht dan sa’n 2,5 by 1,2 kilometer, oftewol 300 hektare.

[bewurkje seksje] Fryske eilannen yn Denemark

(Fan súd nei noard:)

  • Jordsand
  • Rømø
  • Mandø
  • Fanø
  • Langli ( ûnbewenne )

Besuden Rømø lei yn de 20e ieu noch de iennige Deenske hallig, Jordsand, mar yn 1999 blykten de lêste resten dêrfan ferdwûn. Ten noarden fan Fanø is de sânkust yn 'e rin fan de histoarje in pear kear fierder iepene en wer sluten, mar yn 2005 is de kustline, op twa westkust-fjorden nei, wer hielendal ticht.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Westfryske eilannen

 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Tessel - Flylân - Skylge - Amelân - Skiermûntseach - de Richel - it Gryn - Rottum (eilân)
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Nordeneach - Langerëach - Spikereach - Wangereach
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Pälweerm - Noardstrân - de Halligen - Oomram - Feer - Söl - Rømø - Mandø - Fanø

Static Wikipedia (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2007 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -

Static Wikipedia 2006 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu

Static Wikipedia February 2008 (no images)

aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu