See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
It Amelân - Wikipedy

It Amelân

Ut Wikipedy

Gemeente It Amelân
Flagge fan de gemeente It Amelân    Wapen fan de gemeente It Amelân
(Flagge fan It Amelân) (Wapen fan It Amelân)
Lokaasje fan de gemeente It Amelân
Provinsje Fryslân
Boargemaster Albert de Hoop
Haadplak Ballum
Gebiet
- wetter
268,5 km²
-  209,97 km²
Ynwenners 3.525
Ferkearsieren ---
Netnûmer 0519
Postkoades 9161 - 9164
Offisjele webstee www.ameland.nl

It Amelân (Ameland) is ien fan de fiif Westfryske eilannen. It is in gemeente mei 3.554 ynwenners (1 jannewaris 2003), en mei in gebiet fan 268,5 km2, wêrfan 209,97 km2 wetter, en 55,2 km kust.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Plakken

It haadplak fan it eilân is Nes, en de oare plakken op it eilân binne: Ballum, Bueren en Hollum.

[bewurkje seksje] Skiednis

De Wikipedy hat ek in side Skiednis fan it Amelân.

Krekt hoe lang at it Amelân al bewenne wurdt, is net wis. It begjin fan de skiedskriuwing oer it Amelân is lykwols de stifting fan it kleaster Foswert yn 889. Oant 1405 hearde it eilân by Ferwerderadiel. Nei 1405 stribben de hearren fan it Amelân, it geslacht Van Cammingha ta in ûnôfhinklike steat, wat it eilân oant 1795 west hat. Nei de Frânske tiid waard it Amelân in gritenij fan Fryslân en by de ynfiering fan de gemeentewet in gemeente.

It eilân hat yn de rin fan de tiid ferskate doarpen ferlern, oan de see en oan it sân. Yn de 18e ieu drige de Slink it eilân sels yn twa te brekken, mar minsk en natuer hawwe dit net barre litten. Fan 1872 oant 1882 hat it Amelân fia de Amelânske Daam mei de wâl ferbûn west. Om't de see machtiger wie as de minsk, hat men de daam opjaan moatten, mar by leech wetter kin men der hieltiid noch parten fan lizzen sjen.

[bewurkje seksje] Fear

Fearboat Oerd fan riederij Wagenborg
Fearboat Oerd fan riederij Wagenborg

Oftocht fan de daam, hat de ferbining fan it Amelân mei de wal altyd in fear west. Dat fear giet fan Nes nei Holwert yn Dongeradiel. Oant likernõch 1940 hie West-Amelân in eigen fear, dat fan de Ballumer Bocht nei Swarte Harne gie.

[bewurkje seksje] Taal

Op it Amelân wurdt Amelânsk sprutsen, ien fan de dialekten fan it Stedsk. Al is dit fan oarsprong in mingtaal tusken Frysk en Hollânsk, it Amelânsk stiet no sa fier fan it Frysk ôf dat de measte ynwenners gjin Frysk ferstean kinne.

[bewurkje seksje] Nijsgjirrich

It Amelân is ek bekend fan de sêge fan Rikst fan it Oerd.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Tessel - Flylân - Skylge - Amelân - Skiermûntseach - de Richel - it Gryn - Rottum (eilân)
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Nordeneach - Langerëach - Spikereach - Wangereach
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Pälweerm - Noardstrân - de Halligen - Oomram - Feer - Söl - Rømø - Mandø - Fanø


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -