Hektare
Ut Wikipedy
Een hektare is in ienheid fan oerflakte fan 100 m × 100 m = 10.000 m² en wurdt ôfkoarte as "ha". Yn in hektare geane 100 aren. In are hat in oerflak fan 10 m × 10 m = 100 m²
De hektare en de are bestean as ienheidsmaat sûnt de ynfiering fan it metryk stelsel yn 1816. Dêrfoar waarden begripen brûkt as bunder en moargen (sawat itselde as in hektare), dy't berekkene wiene op basis fan yn dy tiid jildende lingtematen lykas: in jellen, in foet, in roede, in tomme ensfh. De ôfmjittings dy't dêrmei oantsjutten waarden, ferskilden fan plak ta plak en fan gebiet ta gebiet. Tsjintwurdich wurde dizze beneamingen allinnich noch brûkt yn de lokale sprektaal fan bg. boeren en streekbewenners.
Far minsken dy't har net rjocht foarstelle kinne hoe't in hektare der út sjocht: men kin tinke oan oardel fuotbalfjild. In gemiddeld fuotbalfjild mjit sawat 65 m × 100 meter, dus: 65 m × 100 m × 1,5 = 9.750 m².