Nordeneach
Ut Wikipedy
Nordeneach (offisjeel Dútsk: Norderney; Platdútsk: Nörderneei) is ien fan'e sân bewenne Eastfryske eilannen. Steatkundich heart it ta de Dútske dielsteat Nedersaksen. It eilân is 14 km lang en likernôch 2,5 km breed, en hat in oerflak fan 26,3 km². Dêrmei is it eilân nei grutte it tsiende eilân fan Dútslân. Nordeneach hat likernôch 6.200 ynwenners. Yn 1946 hat Nordeneach de status fan stêd krigen en it heart no ta it Kreis Auwerk. Oan de noardside fan it eilân leit in strân mei in lengte fan 14 km.
Njonken Nordeneach leit Baltrum 800m nei it easten ta. Nei it westen leit it eilân Júst op likernôch 3 km.
It gânse eastlike part fan Nordeneach is part fan it Niedersächsisches Wattenmeer National Park. Yn it park binne fuotpaden net tastean, om sa planten en bisten tsjin fernieling te beskermen.
It fêste lân wurdt berikke fia in fearboat fan AG Reederei Nordern-Frisia dy't in ferbining mei de East-Fryske stêd Norden hat. Nordeneach hat in fleanfjild, mei in baan fan 1 km langte.
|
---|
Westfryske eilannen: |