Normandje
Ut Wikipedy
Normandje (Frânsk: La Normandie) is in regio yn it noardwesten fan Frankryk, dat tsjin it Kanaal oan leit tusken Pikardje en Bretanje. It bestiet út de regio Heech-Normandje oan de mûning fan de Seine, dêr't de Pont de Normandje de rivier de Seine oerkrúst en it westliker lizzend regio Leech-Normandje mei it skiereilân Cotentin. By Heech-Normandje hearre de departeminten Seine-Maritime en Eure, wylst Leech-Normandje út de departeminten Orne, Kalvados en Manche bestiet.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De namme Normandje stamt fan de Noarmannen ôf. Harren lieder Rollo krige yn 911 it hartochdom Normandje yn lien tawiisd fan de Westfrankyske kening Karel de Ienfâldige. Dat wienen Germanen ôfkomstich út Skandinaavje dy't in Noard-Germaanske taal sprutsen. Lykwols wienen sy net grutsk yn tal dat inkeld in lytske boppelaach hearske oer de oarspronklike befolking fan Normandje, dat sûnt de tiid fan de Romeinen Romaans-talich wienen. Binnen in pear generaasjes sprutsen alle neisieten fan de Noarmannen noch inkeld de Romaanse taal fan de befolking dat letter oantsjutten wurde soe mei 'Normandysk'. In neisiet fan Rollo, Willem de Oermasterder oerweldige yn 1066 Ingelân. De Normandyske eallju dy't ek de nije toplaach fan Ingelân foarmje soenen, hawwe de Angelsaksyske taal mei harren eigen Normandyske dialekt lykwols djip beynfloede dat it moderne Ingelsk in soad Romaanske (Frânske) wurden kent. Nei de slach by Bouvines (1214) ferlear de Ingelske kening Jan sûnder Lân (dy't ek hartoch fan Normandje wie) it hartochdom oan de Frânske kening.
Omdat Ingelân fan Normandje út oermasterre wie, is Ingelân noch ieuwen lang op papier in lien west fan de Frânske keningen, mar feitlik wie dêr neat fan te merken.
De Ingelsen soenen Normandje yn 1346, oan it begjin fan de Hundertjierrige Oarloch, nei de slach by Kresy, en yn 1415, nei de slach by Azinkoert feroverje, om it yn de lêste desennia fan de kriich alhiel te ferliezen. De Kanaaleilanden, dy't by Normandje hearden, soenen lykwols foarfêst by Ingelân bliuwe.
Normandje spile yn de Twadde Wrâldkriich in tige wichtige rol fanwege de lanning fan de gealliearde troepen op D-Day (6 juny 1944). Yn de dêropfolgjende gefjochten hawwe benammen de stêden Caen en Saint-Lô in protte skea oprûn.
[bewurkje seksje] Demografy
Yn Normandje wenje 3,2 miljoen minsken. De grutste stêden binne Rouen, Le Havre, Caen, Cherbourg en Évreux. Rouen wie ea de haadstêd fan hiel Normandje. Tsjintwurdich is it dat fan Heech-Normandje, wylst Caen de haadstêd fan Leech-Normandje is.
[bewurkje seksje] Kultuer
De omkrite fan Normandje is bekend fan de tsizen krektas camembert, de pont l'Évêque en de livarot, fan de Appels en fan dranken as calvados en sider. In lyts part fan de bewenners sprekt noch hieltyd de Normandyske streektaal.