Skandinaavje
Ut Wikipedy
Skandinaavje is in gebiet yn it noarden fan Jeropa.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Definysje
It wurd Skandinaavje wurdt op trije ferskate wize definiearre:
- suver geografysk besjoen is Skandinaavje it gebiet wat lyk stiet mei it Skandinavyske skiereilân, wat foar it grutste diel bestiet út it Skandinavyske Heechlân. Dit binne de lannen Noarwegen en Sweden, en it úterste noardwesten fan [Finlân]].
- Polityk besjoen bestiet Skandinaavje út Denemark, Noarwegen en Sweden. Dizze definysje wurdt yn Skandinaavje sels hantearre en oan de han fan dizze definysje kin stelt wurden dat Skandinaavje in part fan it Noarden is (sjoch tredde definysje).
- Histoarysk en kultureel besjoen bestiet Skandinaavje út lidsteaten fan de Noardske Ried: Denemarken, Finlân, Yslân, Noarwegen en Sweden. Yn it Deensk, Noarsk en Sweedsk wurdt dit oantsjutte as "Noarden" en yn it Finsk as "Pohjoismaat".
Meastal wurdt de twadde of de tredde definysje brûkt. Yn it Nederlânske taalgebiet bestjit er lykwols in foarkar foar de tredde definysje.
[bewurkje seksje] Oarsprong
It wurd wurdt foar it earst brûkt troch Plinius de Aldere (23-79) yn de foarm 'Scadinauia' en is wierskynlik foarme út de âldgermaanske wurden 'skadin' (skade) en 'auio' (eilân). Dizze oarspronklike betsjutting hat him oerlibbe yn lokale nammen lykas it Súd-Sweedske lânskip Skåne (Skonen).
[bewurkje seksje] Skandinavyske talen
De Noarske, Sweedske en Deenske talen, wurde faak oantsjutten as Skandinavyske talen. Dat is yn tsjinstelling mei de Noard-Germaanske talen, wêrta ek it Yslânsk en Faeröersk rekkene wurde. Dizze talen lykje in soad inoar en binne ûnderinoar goed fersteanber. It wurd Skandinavysk wurdt brûkt foar sawol it Noarsk, Sweedsk, en Deensk, as is it ien taal, mar troch de Skandinaavjers sels wurdt Skandinavysk foaral brûkt as namme foar de taal dy't minsken út de trije lannen tsjin inoar sprekke. Dat komt derop del dat elkenien syn eigen taal besike te praten troch helder te artikulearen en wat nuvere wurden sa folle mooglik fuort te litten. As dat net kin brûkt men in wurd út de taal fan de petearpartner of brûkt yn plak dêrfan it Ingelske ekwivalint.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Baltika (paleokontinent)