Mar
Ut Wikipedy
In mar (ôfhinkelik fan de grutte bytiden: plas) is in troch fêstelân omringde wetterflakte, meastal mei in 'fiedende' en in 'ôfwetterende' rivier. It lêste is lykwols gjin rigel. Somtiden wurdt in beheindere definysje fan mar brûkt dy't gjin sâlt wetter talit. In wetterflakte sûnder in ôfwetterende rivier, dêr't sâlt wetter yn stiet, jildt dan net as in mar. Sa wurdt de Kaspyske See dan net as in mar beskôge mar as in see, in sletten see.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] De grutste marren op 'e wrâld
Hjirûnder stiet in opsomming fan de grutste marren op 'e wrâld, oardere nei de boppeflakte. Oardere nei ynhâld soe lykwols it Baikalmar, hjir nûmmer 8, de grutste mar wêze.
- Kaspyske See (Aazje) - 371.000 km²
- Boppemar (Noard-Amerika) - 83.000 km²
- Victoriamar (Afrika) - 68.800 km²
- Huronmar (Noard-Amerika) - 60.000 km²
- Michiganmar (Noard-Amerika) - 58.020 km²
- Tanganyikamar (Afrika) - 32.900 km²
- Grut Bearemar (Noard-Amerika) - 31.790 km²
- Baikalmar (Aazje) - 30.500 km²
- Aralmar (Aazje) - 28.687 km²
- Grut Slavemar (Noard-Amerika) - 28.440 km²
Grutste marren fan parten fan de wrâld binne:
- De Ladogamar (18.100 km²) is de grutste mar fan Jeropa.
- De Iselmar (1.100 km²) is de grutste mar fan Nederlân.
- De Tsjûkemar (21,16 km²) is de grutste mar fan Fryslân.
It Fryske wurd mar hat yn guon oare Jeropeeske talen (Dútsk, Frânsk, Latynsk) in besibbe wurd dat no krekt see besjut. Oarsom hat it Dútsk twa wurden See wêrby der See júst mar betsjut.
[bewurkje seksje] Marren yn Nederlân
Aldegeaster Brekken -- Alkmarder Mar -- Ankeveense plassen -- Belterwijde -- Burgumer Mar -- Beulakerwijde -- Binnenbedijkte Maas -- Bovenwijde -- Braassemer Mar -- Brandemar -- Brielse Mar -- Feluwemar -- Flakke Brekken -- Fluezen -- Gythoarnske Mar -- Goaiïngarypster Puollen -- Gooimar -- Grevelingenmar -- Grutte Brekken -- Grutte Gaastmar -- Hasker Wiid -- Hegemer Mar -- De Holken -- Iemmar -- Jiskenhúster Mar -- Idzegeaster Poel -- Drylster Brekken -- Iselmar -- Ketelmar -- De Kûfurd -- Langwarder Wielen -- Lauwersmar -- Leekster Mar -- Kagerplassen -- Langeraarse plassen -- De Leijen -- Loosdrechtse plassen -- Moarre -- Naarder Mar -- Nannewiid -- Nieuwkoopse plassen -- Oostvoornsemar -- Paterswoldsemar -- Pikmar -- Reeuwijkse plassen -- Ringwiel -- Sânmar -- Skyldmar -- Sleattemer Mar -- Snitser Mar -- Súdlaardermar -- Swarte Mar -- Terhernster Mar -- Terhernster Puollen -- Terkaplester Puollen -- Tsjûkemar -- Veerse Meer -- Vinkeveense plassen -- Westeinder plassen.
[bewurkje seksje] Marren earne oars yn Jeropa
Balatonmar -- Bodenmar -- Fjouwerwâldstêdenmar -- Komomar -- Gardamar -- Ladogamar -- Lago Maggiore -- Loch Ness -- Mälarmar -- Mar fan Annecy - Mar fan Bolsena - Mar fan Genève -- Mar fan Lugano -- Mar fan Zürich -- Neusiedler Mar -- Ohridmar - Onegamar -- Päijännemar -- Peipusmar -- Prespamar -- Saimaamar -- Shkodërmar -- Vänermar -- Vättermar
[bewurkje seksje] Marren earne oars yn de wrâld
Aralmar -- Baikalmar -- Biwamar -- Boppenmar -- Eriemar -- Grut Bearemar -- Grut Slavemar -- Huronmar -- Mar fan Nikaragûa -- Michiganmar -- Ontariomar -- Sevanmar -- Tanganyikamar -- Tobamar -- Titicacamar -- Tonlé Sap-mar-- Victoriamar -- Vostokmar
[bewurkje seksje] Sjoch ek
- Stomar