See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Amerikaanske Dollar - Wikipedy

Amerikaanske Dollar

Ut Wikipedy

In ôfbyld fan in 20 dollar biljet.
In ôfbyld fan in 20 dollar biljet.

De Amerikaanske dollar is sûnt 1785 de nasjonale muntienheid fan de Feriene Steaten. Ek yn inkele oare lannen wurd de munt brûkt as muntienheid. De wikselkoers tusken de euro en de dollar is bygelyks €1,- tsjin $1,29. De offisjele ISO-4217-Kôde fan de dollar is USD.

Fan de Twadde Wrâldkriich ôf is de dollar de saneamde ‘anker-faluta’. Dit hâld yn dat de priis fan belangrike grûnstoffen as goud, sulver en oalje yn dollars út drukt wurdt. Sûnt de resessie dy’t de wrâld yn 2002 trof komt hjir feroaring yn. De euro wurdt hieltyd in belangriker munt op de wrâld, ek de Sineeske Renminbi is besich in belangrike muntienheid te wurde.

[bewurkje seksje] Lannen mei die Dollar as muntienheid

Net allinnich de Feriene Steaten brûke de Amerikaanske Dollar. Ek in ferskaat oan oare lannen hat dizze munt as muntienheid ynfiert. Dizze lannen binne:

  • Britske Maagdeilannen
  • Ekwador
  • El Salvador
  • Marshalleilannen
  • Mikroneezje
  • East-Timor
  • Palau
  • Turks- en Caicoseilannen

Ek de oersee gebieten fan de Feriene Steaten brûke de Amerikaanske Dollar. Dit binne:

  • Amerikaanske Maagdeneilannen
  • Amerikaansk-Samoa
  • Guam
  • Noardlike Marianen
  • Puerto Rico


[bewurkje seksje] Munten en bankbiljetten

Ien dollar is ferdield yn hûndert sinten. Der binne munten fan 1, 5, 10, 25 en 50 sint. Ek is der in ien dollar munt, mar dizze wurdt relatyf net safolle brûkt.

Op de munten fan 25 sint, ek wol ‘Quarters’ neamd, dy’t tusken 1998 en 2008 drukt wurde stiet in opdruk fan in staat fan Amearika, lykas by de euro.

Bankbiljetten binne der fan 1, 2, 5, 10, 20, 50 en 100 dollar. Yn de Feriene Staten ha der oant 1969 ta ferskeidene biljetten beston mei in nominale wearde fan somtiden wol 100.000 dollar. Mar dizze binne út de merke helle. It dollarbiljet fan 2 dollar wurd hast net mear brûkt, dizze liket folle op it biljet fan 1 dollar en de buorgers binne bang foar betizing.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

Dollar foar oare lannen dy't ek in muntienheid ha mei de namme 'dollar' mar wêrby it wol om in oare muntsoarte jit.


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -