Ygo Gaeles Galama
Ut Wikipedy
Ygo Gaeles Galama, ek wol Ige Galama ( *± 1450 - Warkum, 25 jannewaris 1492 ) wie in Fetkeaperske rike ealman dy't yn Himmelum en Koudum en Aldegea wenne hat. He wie de soan fan Gale Yges Galama en Tryn Douwesdr Harinxma. It houlik fan Gale en Tryn wie bedoeld om in soarte fan frede te krijen tusken Skieringers en Fetkeapers. Gale wie fan hûs út in Fetkeaper en Tryn kaam út in Skieringer famylje. Yge troude mei in Goslinga, it houlik wurdt neamd yn it “Stamboek van de Friese Adel", en se krigen fjouwer bern: Tryn, Otto, Maaike en Juw.
Syn bynamme It Wâldswyn krige Ige troch syn wrede fjochterijen. Syn stins by Aldegea wie neffens oerlevering meters dik. Westergoa, en dus ek Koudum wie yn syn tiid in bolwurk fan de Skieringers. Hy krige spul mei de abt fan it Sint Odulfuskleaster yn Himmelum by Starum oer de hieropbringsten fan pleatsen. Ygo fûn dat it jild foar him wie. Harren striid waard sa fûl dat Yge yn de tsjerklike ban dien waard. Yge rekke yn in slach met de Fetkeapers slim ferwûne en hy wurdt neidat er bychte hat troch soldaten fan Seerp Beijma wreed fermoarde. Abt Agge ferstoar op 16 septimber 1494 oan de pest. Mei de komst fan Albrecht fan Saksen komt yn 1498 in ein oan de striid tusken Skieringers en Fetkeapers.
Tsjintwurdich is der in wei nei him neamd by Aldegea: de Galamawei.