See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Westergoa - Wikipedy

Westergoa

Ut Wikipedy

Westergoa yn it Frankyske ryk (iere midsieuwen)
Westergoa yn it Frankyske ryk (iere midsieuwen)

Westergoa wie ien fan de sân seelannen, ien fan de trije dy't binnen de grinzen fan de hjoeddeiske provinsje Fryslân leinen. Letter wie it ien fan de trije goaen, fan Fryslân. Yn'e iere Midsieuwen hat Westergoa mooglik it politike sintrum foarme fan in Frysk keninkryk.

[bewurkje seksje] Gebiet

Oan de eastkant wie Westergoa begrinze troch de Middelsee mei oan de oare kant Eastergoa. Súdliker wie de grins oarspronklik mei Bornegoa likernôch in line fan de Terhernster Mar nei it suden nei de kust, de eastgrins fan Doedingwerstal. Alle oare grinzen wienen de kusten.

[bewurkje seksje] 1200

Westergoa wie om 1200 hinne opdield yn Frjentsjer, Wildinge en Wymbrits. Frjentsjer en Wildinge hawwe mogelijk it oarspronklike Westergoa west, dêr't Wymbrits by kaam doe't yn de rin fan de 12e ieu Sudergoa as ienheid ferdwûn.

Fan Frjentsjer waard de opsplitsing yn de Fiif dielen al yn de 13e ieu sa wichtich dat de namme "Frjentsjer" foar it lân oan de ein fan dy ieu al net mear brûkt waard.

[bewurkje seksje] 1500

Flagge fan Westergoa
Flagge fan Westergoa

Om 1500 hinne wie it Bilt yn it noarden by Westergoa kaam, mar troch de oprjochting fan de Sânwâlden wie it Gaasterlân, Doanjewerstâl en Lemsterlân yn it suden kwytrekke. Fierders wienen út it gebiet fan Westergoa acht stêden opkaam. Harns en Frjentsjer wienen opkaam yn it gebiet fan de Fiifdielen. Boalsert wie opkaam oan de eastkant fan Wildinge, no Wûnseradiel, en de súdpunt wie Warkum en Hylpen wurden. De rest fan Wymbrits wie yn trije stêden en 6 parten útelkoar fallen. Starum, Snits en Drylts wienen selstannige stêden wurden, mar de seis parten hienen per slot de twa gritenijen fan Wymbritseradiel en Himmelumer Aldefurd (en Noardwâlde) foarme.

Gritenijen yn Westergoa ein 17e ieu
Gritenijen yn Westergoa ein 17e ieu
De njoggen gritenijen fan Westergoa
1 Menameradiel
2 Frjentsjerteradiel
3 Barradiel
4 Baarderadiel
5 Hinnaarderadiel
6 Wûnseradiel
7 Wymbritseradiel
8 Himmelumer Aldefurd
9 It Bilt
Acht stêden:
Ha Harns
F Frjentsjer
B Boalsert
Sn Snits
Dr Drylts
W Warkum
Hy Hylpen
St Starum


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -