Barradiel
Ut Wikipedy
Barradeel wie in eardere gemeente yn de Bouhoeke, yn it noardwesten fan Fryslân, mei 6.747 ynwenners (1 jannewaris 1974), en mei in gebiet fan 66,98 km², wêrfan lykernôch 12,54 km² wetter.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Barradiel is ûntstean as ien fan de fiif dielen, doe't it lân Frjentsjer útinoar foel. Yn de 13e en 14e ieu hawwe stoarmfloeden in grut part fan it kustgebiet weislein. Sa binne ek de eardere doarpen Easterbierrum en Dykherne yn de weagen ferdwûn. Yn resintere tiiden is der bûten de Alde dyk wer wat gebiet werom wûn.
Oan de westkant hat Barradiel yn de rin fan de tyd hieltyd stikjes lân oan Harns litte moatten, wertroch it doarp Almenum in de rin fan de ieuwen hieltyd lytser waard. Einlings is it doarp yn twa grinsoanpassings, yn 1955 en 1971, gâns oan Harns tafoege. By de gemeentlike weryndieling fan 1984, waard Barradiel hielendal opdield tusken Frjentsjerteradiel, It Bilt en Harns.
[bewurkje seksje] Plakken
It haadplak wie Seisbierrum, en de oare doarpen yn de gemeente wienen: Almenum (oant 1971), Easterbierrum, Furdgum, Kleaster-Lidlum, Minnertsgea, Pitersbierrum, Tsjummearum en Winaam.
Fierders wienen der trije buorskippen yn Barradiel: Dykshoeke, Koehoal, en Roptasyl.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
- 1974 - 6.747
- 1969 - 6.756
- 1964 - 6.904
- 1959 - 7.364
- 1954 - 7.973
- 1900 - 7.534
- 1880 - 7.953
- 1714 - 2.850