Menameradiel
Ut Wikipedy
Gemeente Menameradiel
|
|||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Fryslân | ||||||
Boargemaster | G. van Delft-Jaasma | ||||||
Haadplak | Menaam | ||||||
Gebiet - wetter |
70,03 km² - 1,02 km² |
||||||
Ynwenners | 13.928 | ||||||
Ferkearsieren | A31/N31, Spoar fan Ljouwert nei Harns | ||||||
Netnûmer | 058, 0517, 0518 | ||||||
Postkoades | 9030-9045, 8816 | ||||||
Offisjele webstee | www.menaldumadeel.nl |
Menameradiel (Menaldumadeel) is in gemeente yn it noardwesten fan Fryslân net fier westlik fan Ljouwert, mei 14.017 ynwenners (1 jannewaris 2004), en in gebiet fan 70,03 km2, wêrfan 1,01 km2 wetter.
Haadplak fan de gemeente is Menaam, en de oare plakken yn de gemeente binne: Berltsum, Bitgum, Bitgummole, Blessum, Boksum, Deinum, Dronryp, Ingelum, Marsum, Skingen, Slappeterp en Wier.
Fierders kin de buorskip Ritsumasyl by Marsum neamd wurde. It doarp Kleaster Eanjum is 1 jannewaris 1963 part fan Berltsum wurden.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Yn it gebiet fan de gemeente wie al terp-bewenning yn de 3e ieu f. Kr.. It gebiet wie de noardwest punt fan Westergoa dêr't de Middelsee oergong yn de Waadsee. Yn de tiid om 1100 hinne is hjir de Hegedyk oanlein, wêrtroch Westergoa befeilige wie tsjin de see.
Mei it útienfallen fan Westergoa waarden dizze omkriten part fan it gebiet fan Frjentsjer. Wannear't Menameradiel mear selstannich wurden is is net dúdlik, mar it wurdt 1401 foar it earst neamd. Mei it tichtslykjen en ynpolderjen fan de Middelsee hat Menameradiel der eastlik fan de Hegedyk noch nijlannen bykrigen, mar it grutste part dêrfan heart hjoed-de-dei ta de gemeente Ljouwert.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
- 2004 - 14.017
- 2003 - 14.089
- 1974 - 11.467
- 1969 - 10.329
- 1964 - 10.402
- 1959 - 10.631
- 1954 - 11.197
- 1900 - 10.054
- 1880 - 10.709
- 1848 - 7.646
- 1714 - 3.742