Berltsum
Ut Wikipedy
Berltsum is in flekke yn de gemeente Menameradiel. De flekke hat likernôch 2.350 ynwenners (2004) en bestiet út sa'n 1.000 wenten.
Berltsum is oan it begjin fan de jiertelling ûntstien as in terpdoarp. Yn de Midsieuwen lei it oan de trachtermûning fan de Middelsee. De flekke hat him foarme út twa doarpen: Tutgum en Berltsum, dy't oanelkoar groeid binne, wat laat hat ta in tige lange haadstrjitte. Berltsum ûntwikkele him as in langhalich doarp, it Berltsumer Wiid bylâns. Yn de 19e ieu hie it doarp in tramstasjon fan de NTM oan de line Ljouwert-Sint Jabik. Berltsum leit yn in ikkerbougebiet en wie yn de Planologyske Kearnbeslissing (PKB) en de Fyfte Nota Iepenbiere Romte oanwiisd as konsintraasjelokaasje foar glêstúnbou. Ein 2004 besleat de Rie foar it Lanlik Gebiet lykwols dat ekstra finansjele stipe fan de ryksoerheid net nedich wie, en dat de glêstúnbou konsintrearre wurde moast yn "greenports" Westland, Oostland, Aalsmeer en omkriten, en Venlo.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
Der is in iepenbiere basisskoalle Lyts Libben en in kristlike De Fûgelsang. Der is in doarpshûs "'t Heechhout" en doarpskrante "Op'e Roaster". De Stifting "Berltsumer Belangen" set him yn foar de promoasje fan Berltsum nei bûten en it ferbetterjen fan de leefberheid.
[bewurkje seksje] Ferieningen
- De Bazuin - muzyk
- Elts syn Rol - toaniel
- Keatsferiening
- SC Berltsum - fuotbal
- De Fjouwerslach - tennis
[bewurkje seksje] Jeugd
"It Piipskoft" is de Berltsumer jeugdsoos. Berltsum hat in regionale funksje wat it útgeanslibben oangiet. Der is in superdiskoteek Hof fan Hollân, en in bar-dancing "Sans Souci". Der is spesjaal diskoferfier om it útgeanspublyk wer thús te bringen.
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Oan de Kleasterdyk stiet Aldheidkeamer De Grusert.
- By Berltsum stiet muontsmûne "De Kievit"
[bewurkje seksje] Tolfde stêd?
De Alkmaarske gemeentesiktaris Joost Cox makke op 9 febrewaris 2005 bekend dat Berltsum yn de fjirtjinde - en fyftjinde ieu stedske skaaimerken hân hat. Dêrmei soenen der gjin alve mar tolve stêden yn Fryslân lizze. Neffens Cox hat Berltsum yn 1355 himsels stedsrjochten takend, mei meiwitten fan de riedsleden fan Westergoa, en waard it yn 1470 yn in brief fan de Dútske Hânzestêd Lübeck in stêd neamd. Berltsum lei destiids oan de Middelsee. In dokumint mei de ferliening fan stedsrjochten hie Cox lykwols net fûn. Syn bewearing waard tsjinsprutsen troch historikus Hans Mol fan de Fryske Akademy. Neffens Mol hie Berltsum him destiids net ta stêd ûntwikkele trochdat it te ticht by Ljouwert lei.
[bewurkje seksje] Strjitten
Alle strjitten yn Berltsum.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Berlikum.com - webstee fan Berltsum