Sint Jabik
Ut Wikipedy
Sint Jabik, gauris skreaun as St. Jabik of útsprutsen as Sint Japik, is in doarp yn de gemeente It Bilt, west fan Sint Anne en sa'n 13 kilometer benoarden Frjentsjer. It doarp hat likernôch 1.370 ynwenners (2004).
Sint Jabik ûntstie yn 1505, doe't It Bilt troch arbeiders út ûnder mear Súd-Hollân, Seelân en Fryslân yndike waard. It hietyn it earstoan Wijngaarden, nei it Súd-Hollânske Wijngaarden wêr't de nije bewenners wei kamen. It nije Wijngaarden foarme in Roomske parochy dy't oan de apostel Jacobus wijd wie. Nei ferrin fan tiid gie de namme fan de parochy oer op it doarp, of it doarp waard ferneamd nei de frou (Jacoba) fan ien fan de eallju dy't it gebiet ûntginne lieten. Ek is Sint Jabik bekend as startplak fan it Jabikspaad, dat eindiget yn it Spaanske Santiago de compostela en wêr't keizer Karel de Grote al fan dreamde. Yn Sint Jabik begjint sûnt 12 maaie 2000 de kuier- en fytsrûte Jabikspaad. Troch it doarp rint ek de Jeropeeske kuierrûte E9, ek wol North Sea Trail of Frysk Kustpaad neamd. De E9 rint lâns de kust fan Portegal nei de Baltyske steaten.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Grutte tsjerke
Om 1530 waard in bakstiennen tsjerke boud dy't tsjinst die oant 1843. Yn dat jier waard de tsjerke ôfbrutsen; allinnich de tsjerketoer út 1669 bleau stean. Om dizze toer hinne waard yn 1843-1844 in hielendal nije tsjerke oplutsen, nei in ûntwerp fan arsjitekt Thomas Romein út Ljouwert. Letter waard efter de tsjerke noch in ekstra lokaal boud. Nei 1970 waard allinnich dit lokaal noch mar as tsjerke brûkt. Yn 1979 naam de Stifting Alde Fryske Tsjerken de eigentlike tsjerke oer. It gebou waard yngripend restaurearre en wurdt sûnt 1980 brûkt as kultureel sintrum.
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Der binne twa partikuliere museums: it "Museum fan âlde (steam)masines" oan de Aldebildtdyk, en it "Radio Museum" oan de Klaas de Vriesstrjitte.
- It rymke ""Een pot en een pan is het wapen van Sint-An" hat de basis west fan it doarpswapen. Ek waard it famyljewapen fan Van Haren, de eardere grytman deryn ferwurke.
- Yn de 18e ieu is Nijefenne by Sint Jabik boud, benoarden Berltsum en besuden de Blikfaart. It wie ien fan de pear lienen yn Fryslân. Yn l502 waard Doecke Hemmema fan Berltsum der mei beliend troch Georg en Heinrich van Saksen. Letter is der noch in nije state op it stee boud troch de famylje Du Tour in neisiet fan de famylje Hemmema, mar dy is letter ek wer ôfbrutsen.
[bewurkje seksje] Mienskip
Kultureel sintrum sit yn de 'Groate Kerk' yn it doarp. Pleatslik Belang hat in tal DVD's meitsje litten oer it doarp yn it ferline. De Koppel en De Opstap binne de beide basisskoallen fan Sint Jabik. Stifting doarpsfeest 't Groene Hok is foar de jongerein.
[bewurkje seksje] Ferienings
'Kooitsytipelen' is in typysk Bildtske sport, hjirfoar is efkes bûten it doarp in fjild oanlein.
- TOG - toaniel
- It Noarden - keatsen
- Sint Jacob - fuotbal
- tennisferiening
- iisclub
- Emanuel Lasker - skaken
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Strjitten:
Aldebildtdyk, Boonwei, Broedertrouw, Claes Barthoutstrjitte, Douwe de Bildtstrjitte, Dr O Botjesstrjitte, Eastein, Geert Veenhuizenstrjitte, Georg fan Saksenstrjitte, Gerben van Tuinenstrjitte, Gijsbert van Swietenstrjitte, Heert Piters de Jongstrjitte, Hofplein, Hofstrjitte, Hovensterwei, Jan Petersstrjitte, K L de Vriesstrjitte, Kadal, Kâldewei, Luinsterwei, Middelwei-West, N Jansstrjitte, Nijebiltdyk, Noardein, Prof. J C Dorststrjitte, Seedyk, Steven Willemsstrjitte, Suderein, Suderwei, Van Wijngaardenstrjitte, Westein, Westerwei, Zondervans Reed.