Sint Anne
Ut Wikipedy
Sint Anne, gauris skreaun as St. Anne, is it haadplak fan de gemeente It Bilt. It doarp leit noard fan Berltsum. It is mei likernôch 3.990 ynwenners (2004) it grutste doarp fan de gemeente. Sint Anne hat trije basisskoallen: de kristlike "Noardster" en "Ulbe fan Houten" en de iepenbiere "'t Fonnemint". De Biltske Slach is it sportsintrum fan Sint Anne.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De earste namme dy't it doarp krige fan bewenners dy't it gebiet as earsten bewennen wie "Altoenae", ferneamd nei in plak wêr't de bewenners fan it nije gebiet wei kamen, it gebiet tichtby Dordrecht, Súd-Hollân. It buorskip Nij Altoenea benoarden Sint Anne is in oarspronkelike namme dy't noch refereart oan de oarspronklik brûkte namme fan it haaddoarp. Altoenea foarme mei de doarpen der omhinne katolike parochy's, wêrtroch't de nammen dêrfan al gau oergienen op de doarpen. "Altoenea" is uteinlik ferneamd nei de hillige Anna, de mem fan Marije en krige de namme "Sint Annaparochy".
[bewurkje seksje] Van Harenstsjerke
Kenmerkend is it achthoekige tsjerkegebou - de Van Harenstsjerke - yn it midden fan it doarp, út 1682. Op dit plak, yn it destiidske tsjerkegebou, troude Rembrandt fan Ryn yn 1634 mei Saskia fan Uylenburgh. In brûnzen byld stiet hjir as oantinken. Efter de tsjerke stiet de grêfkapel fan de famylje Fan Haren. It wurk yn de doar nei de grêfkelder is in geskink fan de Sweedske kening, Gustaaf Adolf.
[bewurkje seksje] Ynwenners
[bewurkje seksje] Ferienings
- SGK47 - hânbal
- BTC - tennis
- De Skelp - swimmen
- Drie spul is út - keatsen
- VoVeSa - folleybal
- De Molenruiters - hynsteriden
- VV Sint Anne - fuotbal
- De Slykrôlers - skeelers
- De Bútsoekers- shantykoar
[bewurkje seksje] Strjitten
Alle strjitten yn Sint Anne.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- webstee It Bildt
- Oer de Fan Harenstsjerke
- Oer flagge en wapen fan Sint Anne]
- Bildtsk dokumintaasjesintrum fan Tresoar