Frjentsjerteradiel
Ut Wikipedy
Gemeente Frjentsjerteradiel
|
|||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|
Provinsje | Fryslân | ||||||
Boargemaster | M.J. Haveman | ||||||
Haadplak | Frjentsjer | ||||||
Gebiet - wetter |
102,71 km² - 1,53 km² |
||||||
Ynwenners | 21.048 | ||||||
Ferkearsieren | N393, N384, A31 | ||||||
Netnûmer | 0517-0518 | ||||||
Postkoades | 8800 - 8856 | ||||||
Offisjele webstee | www.franekeradeel.nl |
Frjentsjerteradiel of Frentsjeradiel (Franekeradeel) is in gemeente yn it noardwesten fan Fryslân, mei 21.048 ynwenners (1 jannewaris 2004), en mei in gebiet fan 102,71 km², wêrfan 1,53 km² wetter.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Untstean
Frjentsjerteradiel is ûntstien as ien fan de fiif dielen, doe't it lân Frjentsjer útinoar foel. Frjentsjer wie it wichtichste plak yn it gebiet, en likernôch yn 1417 waard it in stêd, en dêrmei in selstannich gebiet. Dy yndieling duorre oant de gemeentlike weryndieling fan 1984, doe't Frjenstjer en in part fan de eardere gemeente Barradiel oan Frjentsjerteradiel tafoege waarden.
[bewurkje seksje] Plakken
De haadstêd is Frjentsjer, en de oare plakken yn de gemeente binne: Achlum, Doanjum, Easterbierrum, Furdgum, Hitsum, Hjerbeam, Peins, Pitersbierrum, Rie, Seisbierrum, Skalsum, Sweins, Tsjom en Tsjummearum. Neist dizze doarpen binne der ek noch de twa buorskippen Boer en Kleaster Lidlum.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
- 2004 - 21.048
- 2003 - 20.964
- 1974 - 4.031
- 1969 - 4.753
- 1964 - 4.701
- 1959 - 4.956
- 1954 - 5.133
- 1900 - 5.151
- 1880 - 5.365
- 1714 - 2.145