Achlum
Ut Wikipedy
Achlum (offisjeel Frysk) is in terpdoarp en leit sûnt 1984 yn Frjentsjerteradiel, súdwestlik fan Frjentsjer en noardlik fan Arum. De foarnamme ‘’Achtele’’ en het wurd ‘’hiem’’ binne de basis fan de namme Achlum
Ta it doarp hearre ek de buorskippen Ieslumbuorren, Luidum en Sopsum. Earder hat der ek in buorskip Gelterp west, en der hawwe twa states west, Offenhuzen en Benysten.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
It doarp hat in tsjerke út it begjin fan de 12e ieu, dy't heech op de terp stiet. Foar sa. 1260 wie der in priorij fan regularissen. Dit wie in ûnderdiel fan de Ludingatsjerke, dy’t yn 1530 ferwoaste is. Nei dy tiid festigen de priorij him yn Achlum, mar yn 1572 hawwe de geuzen dy priorij wer fernield.
Eartiids stie de ek in suvelfabryk.
[bewurkje seksje] Doarpslibben
- It doarpshûs hjit ”De Singel” en it doarpskrantsje “Op’e hichte”
- Der binne in pjutteboartersplak en twa basisskoallen.
- Oan de westkant fan it doarp stiet in nij bedriuwenterrein.
[bewurkje seksje] Ferieningen
- keatsferiening Achlum
- Sportferiening Achlum – folleybal en gymnastyk
- Stoarmfûgel ’64 – fuotbalclub
- Nije krêft – toanielferiening
- De lêste troef – kaartclub
- Soas foar de âlderein
- Passaazje – Frouljuferiening
- iisclub Achlum
- Aktiviteiten Komitee Achlum (ACA)
- Freonskipsferbân Achlum-Yeji
[bewurkje seksje] Bysûnderheden
- De monumintale herfoarme romaanske tsjerke út de 12e ieu is boud fan dowestien en hat in byldhoude iken preekstoel. Njonken de tsjerke stiet in 18e ieuske kop-hals-romp pleats.
- It poartegebou fan Grut Dearsum út 1658 is yn 1951 restaurearre. Ten noorden van Achlum staat de Stinspoort van het slot Groot Deersum. It is boud fan giele bakstien en hat twa trepgevels.
- Yn Achlum hat ek in kleaster west, it Achlumer Konvint.
- Oan de Hitsumerdyk stiet in mûne.
- De skriuwsters Jetske Bilker en Neeltsje Bonnema wenje yn Achlum.
[bewurkje seksje] Ferbinings
De Slachtedyk komt út it easten Achlum yn, en giet dan fierder nei it noarden, dêr't er de grins wurdt tusken Frjentsjerteradiel en Harns. Nei it suden rint de Muontsewei nei Wûnseradiel. Fia de Achlumer Feart is Achlum nei it easten ferbûn mei de Arumer Feart en nei it noarden mei it Van Harinxmakanaal.
[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal
- 2005 - 663
- 2004 - 666
- 2003 - 664
- 2002 - 674
- 2001 - 679
- 2000 - 668
- 1999 - 652
- 1973 - 738
- 1969 - 796
- 1964 - 824
- 1959 - 881
- 1954 - 889
[bewurkje seksje] Strjitten yn Achlum
Alle strjitten yn Achlum.