Arum
Ut Wikipedy
Arum is in doarp yn de gemeente Wûnseradiel, noard fan Wytmarsum. It doarp hat likernôch 1030 ynwenners (2007).
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Yn in stik lân op Baarderbuorren is in skelet fûn fan in bern, dat dêr om sawat 100 jier foar de jiertelling begroeven wêze moat. Dêrom tinkt men ek dat Arum ûnstien is op it plak fan Baarderbuorren. De âldste boarne dy't oer Arum skriuwt is fan 1410
Op 4 july 1380 waard tichtby Arum in fjildslach levere tusken de muontsen fan de Ludingatsjerke en dy fan Aldekleaster, wêrby't mear as 130 man sneuvelen. De eallju Sicke Gratinga en Gale Hania, swier ferwûne, waarden nei Ludingatsjerke werombrocht. Hania soe stjerre oan syn ferwûnings. Yn 1895 wurdt by de ôfgraving fan in terp in lyts houten swurd fûn út it jier 600.
Foarname famyljes dy't it foar it sizzen hienen yn Arum wienen: Beijma (Baaiemerleane); Van Sytzama (Sytzamawei) en Fan Cammingha (Fan Camminghawei). It measte ferfier yn Arum gie eaarder oer it wetter. Yn 1890 komt der yn Arum in tramstasjon.
[bewurkje seksje] Ferieningen
- VV Arum - fuotbal
- TV Arum - tennis
- Sparta - gymnastyk
- Willem Westra - keatsen
- Thrium - folleybal
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Yn de eardere slachterij sit no it Rock ‘n Roll museum
- It âldste doarpshûs fan Fryslân waard hjir yn 1926 oprjochte. It wie in huten geboutsje dat mei in foarskot fan de doarpsdokter oankocht waard troch it Departemint fan de Maatskippij ta Nut fan it Algemien.
[bewurkje seksje] Strjitten
Ald Rij, Allengawei, Baarderbuorren, Bayumerleane, Boltapaad, De Dobbe, De Tille, Frjentsjerterkaai, Grauwe Kat, Hockaart, It Ald Hof, It Koekoekslân, It String, Julianastrjitte, Keatsplein, Krúswetter, Molerak, Monnikewei, Alde tsjerkstrjitte, Pôle, Skoallesingel, Skoalstrjitte, Sportleane, Sytzamawei, Sulverstreek, Tsjerkesingel, Van Camminghawei, Willem Westrastrjitte.