Aldegea (Wymbritseradiel)
Ut Wikipedy
Aldegea is in doarp mei likernôch 690 ynwenners (2006) yn de gemeente Wymbritseradiel. It doarp leit oan de Aldegeaster Brekken. Aldegea, Idzegea en Sânfurd foarmje mei-inoar in soarte buorskip. Alle trije doarpen lizze oan it wetter, oan respektivelik de Aldegeaster Brekken de Idzegeaster Poel en it Ringwiel. Foar de foarsjennings binne de oare beide doarpen op Aldegea oanwiisd.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Ynwenners
1954 - 680, 1959 - 670, - 1964 - 593, 1969 - 544, 1973 - 702, 2006 - 690.
By Aldegea hearre de buorskippen Sânfurd en Idzegea.
[bewurkje seksje] Gebouwen
[bewurkje seksje] Tsjerke
Midden yn it doarp stiet de krekt restaurearre Ankertsjerke út 1755 dy't op de monumintelist stiet. Yn de toer hinget in klok út 1623. Yn 1961/1962 hat der aksje yn it doarp west foar de tsjerke dy't F 40.000 opbrocht.
[bewurkje seksje] Doris Mooltsje
Oan de noardkant fan de Aldegeaster Brekken stiet de poldermûne it Dorusmooltsje fan rûn 1790. Dizze mûne is nei restauraasje yn 1998 wer yn eare hersteld. It is de grutste spinnekopmole fan Nederlân.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Stifting Doris Mooltsje - behâld fan de mûne
- Stifting Sânfurd - restauraasje tsjerkje fan Sânfurd
- Eendracht maakt Macht - muzyk
- Sin en Wille - toaniel
- Nocht en Kriich - damjen
- VLO - folleybal
- ODI - tafeltennis
- Lyts Begjin - ponyriden
- De Aldegeaster Skomskower - roeien
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Aldegea hat ek in skoft in stasjon hân oan it spoar fan Ljouwert nei Starum. Doarpsbelang en Rekreaasjeferiening fan it doarp wolle graach wer in stasjon ha. Dit wurdt ûndersocht op helberens.
- Der binne twa kempings by it doarp, by de jachthaven en De Bearshoeke.
- Nijsljochter - doarpskrante
- It Joo - multifunksjoneel sintrum
- De Joopykjes - Pjutteboartersplak
- Klaver Trije is de basisskoalle, se krije in nij gebou
- Yn de Aldegeaster Brekken is in natoerswimbad
- De Fryske skriuwster Gryt Witbraad-van der Meer (*Heech 1944) wennet yn Aldegea
[bewurkje seksje] Strjitten yn Aldegea
't Reijdlân, Blomfinne, Bouke de Vriesstrjitte, Breksdyk, De Band, De Hannen, De Joodyk, De Tsjerne, De Wearen, Feandyk, Hagenadyk, Hoytemadyk, Jan Piebengastrjitte, Lyspôle, Pastorijstrjitte, Reafinne, Rigedyk, Stasjonsleane, Sybebuert, Tsjerkewei, Westerskatting.