1492
Ut Wikipedy
Ieuwen: 10e 11e 12e 13e 14e - 15e ieu - 16e 17e 18e 19e 20e
Jierren: 1487 1488 1489 1490 1491 - 1492 - 1493 1494 1495 1496 1497
[bewurkje seksje] Foarfallen
- 2 jannewaris - Boabdil, de lêste emier fan Granada jout syn stêd oer oan de legers fan Ferdinand en Isabella nei in lang belis.
- 30 maart - Ferdinand en Isabella tekenje it Ferdriuwingsedikt, wêryn de joaden kieze moatte tusken bekearing en ferdriuwing.
- 26 juny - Antoine de Ville, in Frânsk offisier, beklimt yn opdracht fan Karel VIII de Mont Aiguille, in berch yn Frankryk. Dit wurdt algemien beskôge as de bertedatum fan it alpinisme.
- 3 augustus - Columbus set ôf om Ynje fia in westlike rûte te finen.
- 12 oktober - Kolumbus lannet op in (net mei wissichheid identifisearre) eilân yn de Bahama's. Untdekking fan Amearika, of better sein werûntdekt.
- 27 oktober Kolumbus ontdekt Cuba.
- 5 desimber - Kolumbus ûntdekt Hispanjola. Dit feit wurdt bytiden sjoen as it "ein fan de Midsieuwen".
- Ein fan it regear fan Kasimir IV fan Poalen fan it Hûs Jagiello.
Sûnder datum:
- De Jouwer krijt merkerjochten.
- Om dizze tiid hinne wurdt de Snitser Wetterpoarte bout.
- Opstân fan it Tsiis- en Breafolk yn West-Friesland en Kenmerlân. Plondering fan it Slot Brederode.
- Mokkemastate by Ealsum ferwoaste troch de Skieringers
- De Helmichbrân leit suver hiel Oldenzaal yn de jiske.
- It skaai Fan Brederode nimt Hûs ter Kleef yn lien (oant 1568).
- Karel fan Gelre wurdt frijlitten troch Karel VIII fan Frankryk
[bewurkje seksje] Berne
- 12 septimber - Lorenzo II de' Medici
[bewurkje seksje] Ferstoarn
- 8 april - Lorenzo de Medici, hearsker fan Florence (Firenze)
- 25 july - Paus Innocentius VIII , (paus fan 1484 oant 1492)
- 24 novimber- Loadewyk fan Gruuthuse
Jierren: 1487 1488 1489 1490 1491 - 1492 - 1493 1494 1495 1496 1497
Ieuwen: 10e 11e 12e 13e 14e - 15e ieu - 16e 17e 18e 19e 20e