Ealsum
Ut Wikipedy
Ealsum is in doarp yn de gemeente Dongeradiel mei sa'n 160 ynwenners. Dat hawwe ea sa'n 400 west. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Ealsum diel út fan de gemeente East-Dongeradiel.
Ealsum hat noch wol in aardich grut doarpsgebiet, mar dat hat yn 't ferline noch grutter west. Dokkum hie gjin klokslach en de stêdsgrêft wie ek de grins mei Ealsum. Tsjerklik is dat sa bleaun. In tal Dokkumers hearde tsjerklik by Ealsum en oare doarpen.
Troch de útwreiding fan Dokkum moasten der om de safolle tiid wer grinskorreksjes dien wurde. It stasjon fan Dokkum fan Noord Friesche Lokale Spoorweg stie yn Ealsum. Ek de doetiidske kristlike kweekskoalle stie op Ealsumer grûn. In grinskorreksje joech faak spul tusken Dokkum en East-Dongeradiel. Der is sels in grinskorreksje net hielendal trochgien, omt de boargemaster fan East-Dongeradiel dan yn Dokkum komme soe te wenjen.
In pear jier ferlyn binne de herfoarme gemeenten fan Dokkum en Ealsum/Wetsens ien wurden. Dêr is it nedige oer praten. De Ealsumers hienen gjin nocht om troch in efterdoar Dokkumers te wurden.
Ealsum hie earder in stasjon oan it Spoar fan Ljouwert nei Eanjum, dit spoar stie better bekend as it Dokkumer Lokaaltsje.
Yn de Twadde Wrâldoarloch binne by Ealsum faak wapens droppe.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] De Mole
Oan de Ealsumer Feart stie sûnt sawat 1880 de houtseachmole Eben Haëzer. Yn de Earste Wrâldoarloch hat der ek noch in mokselpelderij yn sitten. Yn 1927 is de mole sloopt.
[bewurkje seksje] De Terp
De terp is foar in grut part ôfgroeven. Der binne doe wichtige argeologyske fûnsten dien. Dizze kamen út de 7e ieu. Wat fan de terp oerbleaun is, jout oan dat it in hege terp west hat. De tsjerke stiet op in hichte fan 5,3 meter.
[bewurkje seksje] De States
Ealsum hie twa wichtige states. De Stinstrastate lei yn it buorskip Sibrandabuorren. It is no in pleats.
Oan de súdkant fan de tsjerke stie Mokkemastate. Dizze state is yn 1492 ferwoaste. De bewenner, Tsjaard Mokkema, hearde by de fetkeapers. De namme wurdt noch yn omtinken holden troch in Dokkumer strjitnamme.
[bewurkje seksje] De Tsjerke
Ealsum hat in romaanske tsjerke út omtrint 1200. Dizze wie wijd oan de Hillige Anna. De westkant is yn 1843 feroare. Sa as it der no stiet is it nei de feroaring fan om 1960 hinne.
Yn it houten tuorke hinget in klok út 1440. Dy is getten troch Butendiic. Op de klok steane reljefs mei ôfbyldings fan Maria.
[bewurkje seksje] Mienskip
Yn Ealsum is in Feriening foar Doarpsbelangen.
[bewurkje seksje] Befolking
- 1954 - 415
- 1959 - 378
- 1964 - 376
- 1969 - 178 (nei grinswiziging mei û.o. Dokkum)
- 1974 - 152
- 2004 - 162
[bewurkje seksje] Bekende Ealsumers
- Durk van der Ploeg - Frysk skriuwer
- Rink van der Velde - Frysk skriuwer
[bewurkje seksje] Strjitten
Dokkumerwei, Droppingwei, Hantumerwei, Tsjaard Mockemawei, Stinstrawei, Sybrandawei.