Rink van der Velde
Ut Wikipedy
Rink van der Velde (18 juny 1932 - 17 febrewaris 2001) wie in bekende Fryske skriuwer en sjoernalist. Fan syn mear as fjirtich boeken en ferhalebondels binne meiïnoar mear as 200.000 eksimplaren ferkocht.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Biografy
Rink van der Velde waard berne yn Ealsum by Dokkum. Syn âlden Hindrik van der Velde en Hindrikje Pilat hiene dêrfoar al fjouwer dochters krigen. Van der Velde waard dus berne op de klaai mar soe syn jongesjierren foar it grutste part yn 'e Wâlden trochbringe: syn heit wie plysjeman op de Sweach.
De sfear fan de wâlden is letter yn in soad fan syn wurk werom te finen. Van der Velde gie yn Drachten nei de ulo. Nei syn skoalletiid hâlde hy in skoftke ta yn Frankryk dêr't er de kost fertsjinne as boere-arbeider. Yn 1953 moast er by de Marine opkomme foar syn nûmer. Nei syn tsjinsttiid waard Van der Velde sjoernalist: earst by de Dokkumer, letter by de Drachtster Krante. Fia fúzjes belâne Van der Velde uteinlik bij de Ljouwerter Krante dêr't hy oan syn pensioen ta wurkje soe.
Syn skriuwstyl hat Van der Velde fan de sjoernalistyk út ûntwikkele. Foar de krante spesjalisearre hy him yn it beskriuwen fan histoaryske foarfallen en opfallende persoanen, wêrby't Van der Velde in foarkar hie foar frijfochten types, dy't letter gauris as haadpersoanen werom te finen binne yn syn romans en ferhalen. Ek de Twadde Wrâldkriich is in tema dat faak yn syn boeken werom komt.
Van der Velde makke yn 1959 syn debút as Frysk skriuwer yn it tydskrift Frysk & Frij. Syn earste, Nederlânsktalige roman mei de titel De kleine kolonie (De lytse koloanje) ferskynde yn 1960. Twa jier letter ferskynde de earste fan de 25 Fryske romans dy't Van der Velde neilitte soe: Joun healwei tolven.
Van der Velde wenne ûnder oaren op de Gordyk, yn Drachten, De Wylgen en Ljouwert mar hie syn ûntwyk op in arkje yn ien fan de petgatten fan De Feanhoop.
Rink van der Velde is op 17 febrewaris 2001 ferstoarn. Nei syn ferstjerren is troch syn útjouwer de Friese Pers Boekerij en de gemeente Smellingerlân de Rink van der Veldepriis ynsteld.
[bewurkje seksje] Bibliografy
[bewurkje seksje] Romans
- 1960 - De kleine kolonie
- 1962 - Joun healwei tolven (1965 Nederlânske oersetting: Vanavond half twaalf)
- 1963 - Forliezers
- 1965 - Beafeart nei Saint-Martin (1968 Nederlânske oersetting: Pelgrimage naar Saint-Martin)
- 1966 - De Fûke (1970, 1980 Nederlânske oersetting: De Fuik)
- 1967 - Geiten, Griken en gekken
- 1968 - Rjochtdei
- 1969 - Chamsyn (1971 Nederlânske bewurking troch Van der Velde: Chamsien)
- 1971 - Foroaring fan lucht (1973 Nederlânske oersetting: Verandering van lucht)
- 1975 - Pake Sytse (1986 Nederlânske oersetting: De terugkeer van Sytze Cavalier)
- 1978 - De houn sil om jim bylje (1980 Nederlânske oersetting: Het teken van het beest)
- 1981 - Om utens-omnibus: Jûn healwei tolven; Geiten, Griken en gekken; Chamsyn
- 1981 - De Heidenen
- 1982 - Foekje (in tekenteltsje, mei yllustraasjes fan Anjo Mutsaars)
- 1982 - De Ofrekken
- 1985 - De lange jacht
- 1987 - De histoarje fan kammeraet Hollanski
- 1989 - Jan Hut
- 1991 - De nacht fan Belse Madam
- 1993 - Gjin lintsje foar Homme Veldstra
- 1993 - Rjochtdei op 'e skieding
- 1995 - In fin mear as in bears (oer Salomon Levy)
- 1998 - Smoarge grûn
- 1999 - Hepke
- 2000 - Alde Maaie
- 2001 - It guozzeroer
[bewurkje seksje] Ferhalebondels
- 1971 - Ien foar 't ôfwennen
- 1973 - Bokwerd Vooruit
- 1974 - Stjerrende wier, heite
- 1975 - Kruidenbitter: Kroegverhalen uit Friesland
- 1977 - Bokwerd omhoog!
- 1979 - Bokwerd for ever
- 1980 - It is myn sizzen net
- 1983 - Bokwert 1
- 1985 - Bearenburger ferhalen/Berenburgse vertellingen
- 1987 - De bêste fryske ferhalen
- 1988 - Bloemlezen in Bokwerd
- 1992 - Minsken is raar guod
- 1994 - No sà
- 1997 - Sa wie 't sawat
[bewurkje seksje] Toaniel
- 1975 - Durk Snoad
- 1977 - De Fûke
- 1982 - B.V. De Ruskepôlle
- 1983 - Ut it singeliere libben fan Durk Snoad