Hantum
Ut Wikipedy
Hantum is in doarp yn it westen fan de gemeente Dongeradiel mei sa'n 380 ynwenners. It is it kearndoarp fan de trije doarpen Hantumhuzen, Hantumerútbuorren en De Lytse Jouwer, mar it hat gjin winkelfoarsjennings mear.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Untstean en namme
Der wurdt tocht dat Hantum om it begjin fan de jiertelling hinne op in kwelderwâl ûntstien is. Der waard in terp opsmiten dy't sa no en dan wer ferhege waard. Yn de 10e ieu wurdt der sprutsen oer Hanaten.
De frij hege terp is om 1900 hinne ôfgroeven. De tsjerke is sa oan de râne fan it doarp kommen te stean.
De namme kin tsjutte op hiem fan Hante, fan Hana of Hund. Oaren gean der fan út dat wy tinke moatte oan it Aldfryske wurd hä, yn it hjoeddeisk Frysk hea.
[bewurkje seksje] De Tsjerke
De tsjerke moat yn de 12e ieu boud wêze. It sizzen is dat in Utertske wijbiskop der yn 1335 in alter ynwijd hat. De patroanhillige wie Sint Marten. Dat soe der op wize kinne dat Hantum in bân hie mei de biskop fan Utert. Sint Marten wie ek de patroanhillige fan bisdom Utert.
De tsjerke is boud fan dowestien. De romaanske ruten binne noch te sjen. Letter hat der in ferbouwing west yn goatyske styl.
De foarse toer is boud yn 1808, by in feroaring fan it westwurk.
[bewurkje seksje] Kinnema sate
Oan de noardwest kant fan it doarp stiet Kinnema sate. De foarein is boud yn de styl fan in deftige boargerswenning. De gong rint yn it midden en der binne treppens foar it hûs.
[bewurkje seksje] De Stupa
In frjemde ein yn it byt is de stupa, dy't yn 1993 der kommen is. De stupa is boud yn de styl fan in Tibetaanske timpel. Hy stiet op it eardere plak fan in pleats. Dy is oan in boeddistyske organisaasje skonken. De stupa wurdt brûkt as boeddistysk besinnings- en meditaasjesintrum. Der wurdt hieltyd mear útwreide. De lieding is yn hannen fan in útwykte Tibetaanske muonts.
[bewurkje seksje] De mûne
Hantum hat yn 1862, frij let, in mûne krige. De mûne is yn 1789 as 'De Rozenboom' yn Huzum boud. Doe't it stasjon yn Ljouwert útwreide waard, is de mûne ôfbrutsen en yn Hantum wer opboud.
Om 1930 hinne gie de mealder oer ta it meitsjen fan lynkoeken. Om net hielendal ôfhinklik fan de wyn te wêzen, hat er in dieselmotor oanskaft. Yn 1940 hat der in swiere stoarm yn Hantum west, dy't noch al wat skea oanrjochte hat. Fan de mûne wie de kap der ôfwaaid. De mealder hat doe de romp ynkoarte en is fierder gien mei syn dieselmotor.
[bewurkje seksje] De skoalle
Hantum hat noch in skoalle út 1845. It gebou is útwreide en wurdt tsjintwurdich brûkt as doarpshûs d´Ald Skoalle.
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Mienskip
Mei Hantumerútbuorren hat Hantum ien Feriening Doarpsbelang. It doarpsblêd "4H" foar Hantum – Hantumhuizen – Hantumeruitburen – Hiaure (De Lytse Jouwer) hjit Hichtepunten. De sportfjilden hjitte "Yn 'e bedelte",
[bewurkje seksje] Ferienings
- Skaakclub Hantum
- DTL - kuorbal
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Klún & Knoffelhakke is in kabaretduo út Hantum
- In bekende Hantumer is Antonius Brugmans ( 22 oktober 1732 - 1789 ). Hy wurke oan de universiteit fan Grins as heechlearaar yn de Wisbegearte.
[bewurkje seksje] Strjitten:
Brantgumerwei, De Terpen, Dokkumerwei, Doarpsstrjitte, Fetzewei, Gruttesteech, Hearewei, Hiausterwei, Kennemareed, Master Beymastrjitte, Pastorijelân, Smidstrjitte, Stasjonswei, Stoepawei, Ternaarderwei, Titus Conradistrjitte, Tsjerkestrjitte.