Kwelderwâl
Ut Wikipedy
De kwelderwâl is in hegerlizzend part fan in kwelder, dêr't by oerstreamings faak grouwer materiaal ôfsetten wurdt. Se ûntsteane foaral oan 'e rânen fan it kweldergebiet en by streamkes lâns. In goed foarbyld fan kwelderwâlen binne de kwelderwâlen fan de âlde Middelsee yn Fryslân. Dizze binne yn it lânskip goed te sjen trochdat hjirop de terpen en doarpen ûntstienen. Bygelyks de rige fan doarpen Hijum, Hallum, Marrum, Ferwert, Blije en Holwert. De kwelderwâlen wurde fierder kenmerke troch ikkerbou omdat de grûn lichter (sâniger) is as de oare kweldergrûnen.