See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Albrecht fan Saksen - Wikipedy

Albrecht fan Saksen

Ut Wikipedy

Albrecht III de Kloekmoedige
libben
berne ? - 1443
ferstoarn ? - 1500
heit Freark II fan Saksen
mem Margareta fan Eastenryk
houlik
datum ?
partner ?
bern ?
Hartoch fan Saksen
perioade 1485 - 1500
foargonger Freark II van Saksen (Freark II de Sêftmoedige)
opfolger Joris mei it Burd
Lângreve fan Thüringen
perioade 1482-1485 (tegearre mei Ernst fan Saksen
foargonger Willem III fan Saksen
opfolger Ernst fan Saksen
Wettin

Albrecht III (27 jannewaris 144312 septimber 1500), byneamd de Kloekmoedige, wie fan 1485 oant 1500 hartoch fan Saksen. Hy wie de jongere soan fan karfoarst Freark de Sêftmoedige en earste hearsker fan de Albertynske liny fan de lettere keningen fan Saksen.

[bewurkje seksje] Libben

Op tolvejierrige leeftyd waard hy tegearre mei syn broer Ernst fan Saksen ûntfierd troch in Kunz von Kaufungen, mar hy wist te ûntkommen, en brocht inkele jierren troch oan it hôf fan Hillich Roomske Keizer Freark III yn Wenen.

Yn 1464 troude hy Sidonia, dochter fan George fan Podiebrad, kening fan Bohemen, mar hy krige net de kroan fan Bohemen doe't Georg yn 1471 ferstoar.

Letter yn 1464 stoar karfoarst Freark II, en Albrecht en Ernst besletten tegearre oer Saksen te hearskjen. Yn 1485 waard Saksen lykwols oanfallen troch Thüringen. By it ferdrach fan Leipzig waard Saksen yn twaën splist: Albrecht krige it westlik gedielte fan Saksen (Meißen), syn broer bleau Karfoarst fan Saksen, en hold de kontrôle oer de eastlike dielen fan Saksen (Wittenberch). Omdat Saksen-Meissen folle riker wie as de Ernestynske dielen fan Saksen, en Albrecht no ek it noarden fan Thüringen yn wist te liivjen, waard Albrecht ferplichte 100'000 florijnen te beteljen oan Ernest as skeafergoeding. Dizze ûngelike dieling fan Saksen liede 80 jier letter ta in konflikt tusken de beide lynjes.

Yn 1475, yn de kampanje tsjin Karel de Stoute fan Bourgonje krige Albrecht in soad lof as in kapabel militêr lieder, en yn 1487 liede hy in ekspedysje tsjin Kening Matthias Corvinus fan Hongarije, dy't lykwols mislearre omdat keizer Freark III te min steun tasei.

Yn 1488 holp Albrecht om Maksimiliaan I te befrijen neidat rebellen yn Brugge him finzen set hienen. Yn 1489 waard Albrecht efterlitten as syn plakferfanger om de oarloch fuort te setten, en hy wist foar Maksimiliaan de greefskippen Hollân, Flaanderen en Brabân werom te feroverjen, mar omdat him net tastien waard dizze distrikten te plonderjen, liede dit ta in grut finansjeel ferlies.

[bewurkje seksje] Yn Fryslan en Grinslân

As betelling foar syn tsjinsten makke Maximiliaan Albrecht yn 1498 ta gûverneur (potestaat) fan Fryslân. Fryslân, de Ommelannen ynbegrepen, hie himsels altyd as frij sjoen. It makke wol diel út fan it Hillige Roomske Ryk, mar seach himsels as ryksûnmidlik. It hie nea in Hear kend. De Fryske lannen waarden oan de ein fan de 15e ieu it striidtoaniel fan de konflikten tusken Skieringers en Fetkeapers. De stêd Grins like yn dy konflikten de ienige machtsfaktor dy't aktyf optrede koe en wreide har macht út oant sawat hiel Fryslân en Grinslân. Om de macht fan de stêd te beheinen waard Albrecht troch guon yn Fryslân mei iepen earmen ûntfongen. Hy wist Fryslân foar it grutste part ûnder kontrôle te krijen en waard ek troch Grinslân as hear erkend. Sa gau as't er werom gien wie nei Saksen-Meissen bliek syn erkenning lykwols benammen in lippetsjinst. Grinslân waard binnenfallen troch de greve fan East-Fryslân.

Koart dêrnei stoar Albrecht tichteby Emden, en waard begroeven yn Meissen. Hy waard opfolge troch syn soannen Hindrik V fan Saksen en Joaris mei it Burd.

De ferovering troch Albrecht III fan de Fryske lannen markearre wol de definitive ein fan de Fryske Frijheid. Ek de Fryske taal waard dêrnei as bestjoerstaal ferfongen troch it Nederdútsk.


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -