Sambia
Ut Wikipedy
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
Sambia is in lân yn Afrika dat grinzet oan De Kongo, Tanzania, Malawi, Mozambyk, Simbabwe, Botswana, Namybje en Angola. Sambia is in ûnôfhinklike republyk mei as belangrykste ekonomyske faktor de mynbou (koper).
[bewurkje seksje] Skiednis
Sambia wie fan 1895 ôf yn besit fan de British South-Africa Company (BSA). Yn 1924 waard Sambia in Britske kroankoloanje ûnder de namme Noard-Rodeezje.
Yn 1953 waard Noard-Rodeezje mei Súd-Rodeezje, it hjoeddeiske Simbabwe, en Nyasalân, no Malawi, gearfoege ta ien federaasje, de Sintraal-Afrikaanske Federaasje. It regear fan dy republyk waard fel bestriden troch it African National Congress (ANC; Afrikaansk Nasjonaal Kongres) mei as lieder Kenneth Kaunda. Om't er it ANC te ôfwachtsjend fûn rjochte Kaunda de United National Independence Party op (UNIP; Feriene Nasjonale Unôfhinklikheidspartij), wêrfan hy de foarsitter waard.
De Sintraal-Afrikaanske Federaasje waard yn 1961 opheven. Trije jier letter, op 24 oktober 1964, waard Noard-Rodeezje ûnder de namme Sambia in ûnôfhinklike republyk mei Kaunda as presidint.