See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Karel Martel - Wikipedy

Karel Martel

Ut Wikipedy

Karel Martel yn gefjocht by Poitiers
Karel Martel yn gefjocht by Poitiers

Karel Martel (23 augustus 676 - 22 oktober 741) wie hofmeier fan it Frankyske ryk. Syn bynamme Martel betsjut Hammer dat weromslaat op syn brutale oanpak en neat te dwaan hat mei marteljen.

[bewurkje seksje] Skiednis

Karel Martel waard berne yn Herstal yn it tsjinwurdige Walloanje, yn Belgje. Hy wie in oerwinneling fan Pippyn II by syn concubine Alpaida. Hij koe him tsjin syn jongere healbruorren oer, de rjuchtmittige erfgenamten fan Pippyn II, trochsette en waard sa de stamheit fan de Karolingers.

Karel Martel is it ferneamst fanwege syn oerwinning yn de Slach by Poitiers yn 732, dy't troch in protte skiedkundigen sjoen waard as de "rêding fan Jeropa op de Arabieren". Martels Frankyske leger fersloech in Arabysk leger, wêrfan in lettere skriuwers oannimme dat it de Islam ferspriede woe. Alhoewol de Arabieren Jeropa net hielendal oermasterje koenen, slaggen sy der wol yn it Ibearyske Skiereilân en in grut part fan Súd-Frankryk te besetten. Alhoewol it noch twa generaasjes duorje soe ear't de Arabieren tebek twongen waarden oer de Pyreneeën, die dizze oerwinning de kânsen fan de Arabieren kearen yn it foardiel fan de Franken.

Wêr't de skiedkundigen it al oer iens binne is dat dizze slach foar Karel Martel de ferieniging fan it Frankyske ryk mooglik makke.

Yn it folgende desennium liede Karel it Frankyske leger tsjin de eastlike hartochdommen Beieren en Allemaanje, en tsjin de súdlike hartochdommen Akwitaanje en Provence en makke in ein oan harren selsstandigens. Hij wie súksesfol tsjin de Friezen yn 734 want troch harren kening Poppo ta ferslaan yn de slach oan de Boarn makke hy in ein oan it doetiids machtige Fryske ryk. Mei syn leger luts hy ek op tsjin de Saksen mar wie tsjin harren matich suksesfol, de folsleine oerwinning op de Saksen soe helle wurde troch syn pakesizzer Karel de Grutte.

Karel Martel stoar op 22 oktober 741 yn Kwierzy, yn it hjoeddeiske departemint Aisne (Frankryk). Hy leit noch altiiten begroeven yn de Saint-Denis-basilyk by Parys.


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -