Hofmeier
Ut Wikipedy
Hofmeier is in titel dy't foaral wichtich wie yn it begjin fan de Midsieuwen. In oare namme is Majordomo. Dizze titel wie foaral yn swang yn de Frankyske keninkriken fan'e 7e en 8e ieu.
De hofmeier wie oarspronklik de persoan dy't de hofhâlding fan de Merovingyske foarsten behearde. Troch it tanimmende tal swakke en jonge foarsten op'e troan oan it ein fan it Merovingyske tiidrek, seagen de hofmeiers kâns harren macht te fergrutsjen. Sy namen dizze sa stadichoan oer wertroch ferskate konflikten ûntstienen. Der wie úteinlik ien familje fan hofmeiers dy't de macht fan de Merovingers oernaam. Dizze famylje waard de Pippiniden (letter Karolingers) neamd. Dêrop folgde de foarfêste machtsoername fan Pippyn de Koarte yn 751 troch de erkenning fan de paus.