Dea
Ut Wikipedy
De dea is in net mear werom te kearen tastân dat in earder libbend wezen net langer groeit, gjin metabolisme mear hat en gjin aktive ferrjochtings mear docht krektas (sykheljen, iten, drinken, tinken, bewegingen, ...). Yn de genêskunde wurdt in minsk alhiel dea of ferstoarn beskôge as de harsensfunksjes foarfêst ophâlden hawwe. Neffens dizze definysje is it mooglik dan in noch hieltyd kloppet hert as dea beskôge wurdt, omdat it hert nammentlik fansels kloppet sûnder dat dêr funksjionearende harsens foar nêdich binne. Foar sykhelje jild dat wol, sadat immen dy't sûnder beäzeming noch wol sels sykhellet kin net harsensdea neamd wurde.