Wezeling
Ut Wikipedy
Wezeling | ||||||
---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||
|
||||||
soarte | ||||||
Mustela nivalis |
De wezeling (Mustela nivalis) is in rôfdier út de famylje fan'e martereftigen (Mustelidae). De wezeling is it lytste rôfdier fan 'e wrâld. In wyfke wezeling waacht mar 35 gram, lichter as in fjildmûs.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skaaimerken
De wezeling ( of Weesling ) is in lyts dier mei in lang lichem. In folwoeksen dier is sirka 20 sintimeter lang en 4 oant 5 sintimeter heech. De sturt is ûngefear 60 milimeter. Wyfkes binne in stik lytser as mantsjes. Mantsjes wurde 166 oant 314 milimeter lang, mei in sturtlingte fan 60 oant 125 milimeter en in gewicht fan 54 oant 73 gram, wyfkes hawwe in kop-romplingte fan 148 oant 181 milimeter, in sturtlingte fan 30 oant 88 milimeter, en in gewicht fan 30 oant 35 gram. Boppedat binne yn it suden fan Jeropa wezelingen in bytsje grutter as yn it noarden, en kin de gemiddelde lingte per regio ferskille.
Wezelingen hawwe in readeftich oant kastanjebrune rêchside en in wite búkside, wêrby't de grins tusken de kleuren ûnregelmjittich is. Yn it hege noarden wurde wezelingen yn'e winter foar in part wyt, mar yn Nederlân en Belgje wurde se net suver wyt. De wite pels is foar kamûflaazje. Wezelingen hawwe in wyt plak op'e kiel en hawwe in readbrune sturt. De sturt hat gjin swarte punt, lykas by de gruttere harmeling, dy't fierder in soad op de wezeling liket.
[bewurkje seksje] Fiedsel en gedrach
De wezeling fret benammen kjifdieren as mûzen, wrotmûzen en lemmingen, mar ek gruttere sûchdieren as kninen en wetterrôten, fûgels, aaien, lytse reptilen, kikkerts en ynsekten. In protte fan harren proaidieren binne grutter as de wezeling sels. As wezelingen jeie, efterfolgje se proaien as lytse kjifdieren oant yn harren hoale. De bisten frette alle dagen sawat in treddepart fan har lichemsgewicht. Se moatte alle dagen iten om net te stjerren oan ferhongering.
De bistkes binne dei en nacht aktyf, wêrby't se op ûngeregelde miminten rêstperioades nimme. Faak steane wezelingen op'e efterpoaten om de omjouwing te ferkenenen.
Wezelingen libje solitêr. It territoarium fan in mantsje oerlapet meastal meardere territoaria fan wyfkes. De hoale is faak in âlde hoale fan in opfretten proaidier. It Nêst wurdt yn kâldere streken beklaaid mei de pels fan proaidieren. Wyfkes lizze yn it foarjier foarrieden oan, sadat se minder hoege te jeien en enerzjy sparje kinne foar de dracht.
In april en maaie is de earste woarp, nei in draachtiid fan 34 oant 37 dagen. De wezeling hat gjin ferlinge draachtiid, lykas in soad oare martereftigen. By genôch fretten folget der yn july en augustus in twadde woarp. By elke woarp krije de dieren 4 oant 6 jongen. Dit getal kin farieare fan ien oant sechtjen jongen per woarp. Benammen yn in goed lemmingjier krije wezelingen yn noardlike populaasjes gruttere en meardere woarpen. De maitiidswoarp groeit hurd, de simmerwoarp stadiger. Nei fjouwer wiken gean de eachjes iepen, en nei trije oant fjouwer wiken wurde de jongen ôfwend. At de jongen acht wiken âld binne, kinne se al goed jeie.
Nei acht oant tolve wiken ferlitte de jongen de mem, en sykje in eigen territoarium. De bisten binne geslachtsryp nei trije of fjouwer moannen. Jongen út it earste nêst kinne yn'e simmer in eigen nestke hawwe. Wezelingen wurde yn it wyld heechút trije jier, mar yn finzenskip kinne se wol tsien jier âld wurde.
[bewurkje seksje] Fersprieding
Wezelingen libje yn Noardwest-Afrika, Jeropa, Noard- & Sintraal-Aazje en Noard-Amearika. Hy is ek ynfierd yn Nij-Seelân. In hiel Jeropa kinne wezelingen fûn wurde, mei útsûndering fan Ierlân. Se komme yn steedlike gebieten én op it plattelân foar. Benammen libje se yn hagen, strewelleguod en boskrânen, mar se kinne rûnom oerlibje, salang't der genôch beskûl en proai is. De bisten hâlde ta yn greiden oant bosken, fan sândunen oant yn'e bergen en fan sompen oan woastinen.
[bewurkje seksje] Undersoarten
Yn'e regel wurde der twa Ûndersoarten ûnderskieden:
- Lytste wezeling (Mustela nivalis nivalis), Noard-Skandinaavje, Ruslân en Noard-Amearika
- Gewoane wezeling (Mustela nivalis vulgaris), West--& Midden-Jeropa, Middellânske-Seegebied.
De twa ûndersoarten ferskille tige yn lichemsbou, hierkleur, gedravch en fuortplanting, mar de bisten kinne mei inoar fuortplantsje en fruchtbere jongen fuortbringe, en wurde as ien soarte beskôge.
[bewurkje seksje] Eksterne links, boarnen, ôfbylden
Dit materiaal is beskikber fia Wikimedia Commons as Mustela nivalis en wurdt mooglik ek brûkt by oare Wiki-projekten. |