Republyk Kongo
Ut Wikipedy
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
De Republyk Kongo is in lân yn Afrika. De haadstêd is Brazzaville. De Republyk Kongo is net itselde lân as de Demokratyske Republyk Kongo.
It lân wurdt begrinzge troch
- yn it noarden de Sintraal Afrikaanske Republyk.
- yn it easten en suden de Demokratyske Republyk Kongo.
- yn it súdwesten de Kabinda en Atlantyske Oseaan.
- yn it westen Gabon.
- yn it noardwesten Kameroen.
Doe't dit part fan de Franske Kongo 15 augustus 1960 ûnôfhinklik waard fan Frankryk krige it de namme Republyk Kongo. Yn 1970 waard de Folksrepublyk Kongo útroppe. Sûnt 1992 is it lân wer in demokratysk lân, mei de namme Republyk Kongo. Nei de haadstêd wurdt it lân ek Kongo-Brazzaville neamd, ta ûnderskie fan de Demokratyske Republyk Kongo.