Nij Hampshire
Ut Wikipedy
|
||||
Ofkoarting | NH | |||
Haadstêd | Concord | |||
Tiidsône | -5 | |||
Algemien | ||||
---|---|---|---|---|
Oerflakte | 24.239 | |||
Befolking | 1.299.500 | |||
Oare ynformaasje | ||||
Tatreden | 21 juny 1788 | |||
Oantal countys | 10 |
Nij Hampshire is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Konkord. It is ferneamd nei it Ingelske greefskip Hampshire.
[bewurkje seksje] Skiednis
De regio fan Nij Hampshire waard al yn 1623 koloanisearre, amper trije jier neidat de Pilgrims yn Massachusetts arrivearren. Nij Hampshire wie ien fan de trettjin koloanjes dy't yn de 18e ieu yn opstân kamen tsjin de Britske oerhearsking (sjoch: Amerikaanske Revolúsje). Op 21 juny 1788 waard Nij Hampshire de 9de steat fan de Feriene Steaten. Yn de Amerikaanske Boargeroarloch stie Nij Hampshire oan de side fan de Uny.
[bewurkje seksje] Geografy
It oerflak fan de steat Nij Hampshire is 24.239 km² grut en leit yn de Easterske-tiidsône.
Nij Hampshire leit oan de Atlantyske Oseaan, alhoewol de kustline amperoan 25 kilometer lang is. Yn it noarden grinzet it oan Kanada, yn it westen oan de steat Fermont, yn it easten oan Maine en yn it suden Massachusetts.
Grutte stikken fan de steat binne berch- en heuveleftich. Om-ende-by in fearn fan Nij Hampshire wurdt yn beslach nommen troch de White Mountains. Yn dat geberchte leit Mount Washington (1917 meter), wêrfan de pyk it heechste punt is fan de steat.
De wichtichste rivieren binne de Konnetikut rivier en de Merrimak rivier.