Massachusetts
Ut Wikipedy
|
||||
Ofkoarting | MA | |||
Haadstêd | Boston | |||
Tiidsône | -5 | |||
Algemien | ||||
---|---|---|---|---|
Oerflakte | 27.360 | |||
Befolking | 6.416.505 | |||
Oare ynformaasje | ||||
Tatreden | 6 febrewaris 1788 | |||
Oantal countys | 14 |
Massachusetts is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Boston. De namme Massachusetts soe ôfkomstich wêze fan it Yndiaanske Massa-dchu-es-at, dat "grutte heuvel, lyts plakje" betsjut.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
Yn 1620 stiften de Pilgrim Fathers, dy't mei de Mayflower de oertocht makken nei Amearika, in koloanje, de Plymouth Colony, wêr't tsjintwurdich Plymouth leit. Al gau soenen de Puriteinen de Massachusetts Bay Colony stifte.
Massachusetts wie ien fan de trettjin koloanjes dy't yn opstân kamen tsjin it Britsk bewâld. Op 5 maart 1770 fûn by Boston in moarderij plak, doe't Britske troepen op protestearjende boargers skeaten. Op 9 febrewaris 1775 wie it Britse parlemint fan betinken dat de koloanje rebellearre en stjoerde ekstra troepen. Op 19 april 1775 begûn de de Amerikaanske ûnôfhinklikheidsoarloch mei skermutseljen yn Leksington en Konkord. Op 6 febrewaris 1788 ratifisearre Massachusetts de nije grûnwet fan de Feriene Steaten en waard de 6e steat.
Op 15 maart 1820 waard Maine, dat oant dan in diel fan Massachusetts wie, in selsstannige steat.
[bewurkje seksje] Geografy
Massachusetts is 27.360 km² grut en heart by de wat lytsere steaten fan Amearika. It heechste punt is Mount Greylock (1063 meter). Yn de steat lizze in soad grutte en lytse marren. De wichtichste rivier is de Konnetikut.
Massachusetts, dat oan de Atlantyske Oseaan leit, bestiet út in skiereilân Cape Cod en de eilannen Martha's Vineyard en Nantucket. Yn it noarden grinzet it oan de steaten Nij Hampshire en Fermont, yn it westen oan New York en yn it suden oan Konnetikut en Rhode Island.
De wichtichste stêden binne de haadstêd Boston, Springfield, Worsjester en Lowell. Massachusetts heart ta de Eastern-tiidsône.
[bewurkje seksje] Nijsgjirrichheden
Yn Massachusetts lizze in soad ferneamde ûnderwiisynstellings, lykas de Harvard-universiteit en it Massachusetts Institute of Technology (MIT).
Troch in útspraak fan it Heech Gerjochtshof yn Massachusetts meie homoseksuelen yn Massachusetts sûnt 17 maaie 2004 mei inoar trouwe. Oant no ta is it dêrmei de ienige steat yn de Feriene Steaten wêr't dat mei.