Grutte Pier
Ut Wikipedy
Grutte Pier (1480? - 28 oktober 1520) is de namme wêrûnder Pier Gerlofs Donia as Fryske frijheidsstrider bekend wurden is. Om syn figuer hat safolle mytefoarming west dat it slim te sizzen is hokker ferhalen op wierheid berêste en hokker net.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Libben en skiednis
Wat min-ofte-mear fêststiet is dat Pier berne waard yn Kimswert, yn de 2e helte fan de 15e ieu sa om 1480 hinne. Hy wie de soan fan Gerlof Piers Donia en Fokel Sybrants Bongma en troude mei Rintsje Syrtsema. It pear krige yn 1506 in soan, Gerlof Piers Donia. De frou fan Pier Gerlofs Donia ferstoar yn 1515.
Yn 1498 kaam Fryslân ûnder it bewâld fan Albrecht fan Saksen dy't om de problemen yn Fryslân oanpakke te kinnen, hiersoldaten nei Fryslân helle soe. Doe't dat lykwols net genôch seadden oan de dyk sette, joech dizze hearsker syn rjochten op Fryslân werom oan de Dútske keizer. Keizer Maksimiliaan I stjoerde doe de greven fan Hollân, wat ûnder oaren resultearre yn de besetting fan Starum.
Pier Donia wie boer yn Kimswert mar syn pleats, de Osinga State, waard yn 1515 troch de Saksyske hiersoldaten platbaarnd. Der wurdt sein dat doe ek syn frou fermoarde is. Dêrtroch ûntwikkele hy him ta in fûl bestrider fan Saksyske en Hollânske besetters. Under syn lieding operearre in kapersfloat ûnder de namme De Swarte Heap, fan Makkum en Warkum út op de Sudersee.
Oan Pier wurdt in reuseftich stalt en boppeminsklike krêften taskreaun. Oan Pier wurdt ek it tongbrekkerssechje "Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries" taskreaun. Pier soe dat brûkt hawwe om nei te gean of de opfarrenden fan skippen wol Fries wiene. Wie dat net it gefal dan waarden se kylhelle en waard harren skip leechrôve.
[bewurkje seksje] Leginden
Neffens de leginde droegen Pier en syn mannen de bút fan de plundere skippen ôf oan hartoch Karel fan Gelre, dy't stipe yn de striid tsjin de Hollanners tasein hie. Doe't bliken die dat Karel yn 1517 sels in machtsposysje yn Fryslân besocht te krijen, wie Pier sa teloarsteld dat hy him werom luts út de striid. Syn lêste jierren wenne hy yn Snits, dêr't hy op 28 oktober 1520 oan syn ein kaam.
De leginde wol hawwe dat ek syn bern fermoarde binne troch de Saksen. Hjir is sibbekundich ûndersyk nei dien, en it soe kinne dat syn soan Gerlof Piers it oerlibbe hat, en dat syn neikommelingen der ek hjoed de dei noch yn Nederlân en Amearika libje. Ek it ferstjerren fan syn dochter is foar in lettere datum optekene.
Yn it sintrum fan syn bertedoarp Kimswert stiet in stânbyld fan Pier Donia, makke troch Anne Woudwijk.
[bewurkje seksje] Grutte Pier yn sechjes en siswizen
- "De biezem yn'e mêst," sei Grutte Pier "wy sille de Sudersee skjinfeie".
- Bûter, brea en griene tsiis, wa't dat net sizze kin is gjin oprjochte Fries".
[bewurkje seksje] It swurd fan Grutte Pier
Grutte Pier soe ek yn fjildslaggen domineare hawwe mei in geweldich grut swurd. Dat stielen slachswurd wie 2,15 meter lâng en weage goed 6 kilo. Neffens de oerlevering koe hy mei dat swurd de haden fan meardere fijans tagelyk ôfhakke. It ûnderstelde swurd fan Grutte Pier hinget tsjintwurdich (anno 2008) yn it Frysk Museum yn Ljouwert. Ek yn de gelachkeammer fan Herberch 'De Greate Pier' yn syn berteplak Kimswerd hinget 'it ienige wiere swurd fan Grutte Pier'. Syn helm wurdt beware yn it stêdshûs fan Snits.
[bewurkje seksje] Boarne en Literatuerferwizing
- Petrus Thaborita, Fryske skiedniskriuwer.
- Kalma, J.J., Grote Pier Van Kimswerd, ed. de Tille (1970), ISBN 90-7001-013-5.