See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Kimswert - Wikipedy

Kimswert

Ut Wikipedy

de himrik fan Kimswert
de himrik fan Kimswert

Kimswert is in doarp yn de gemeente Wûnseradiel, besuden Harns. It doarp hat in beskerme doarpsgesicht en hat likernôch 600 ynwenners (2007). Under it doarp falle ek de buorskippen Dyksterbuorren en Kluerda. Wapen en flagge binne giel en blau en komme fan de kleuren fan de Heemstra's dy't east fan it doarp in state hiene. Yn it wapen stiet ek it grutte swurd fan Grutte Pier.

Grutte Pier
Grutte Pier

Kimswert wie it doarp fan de ferneamde Grutte Pier. Hy moat om 1480 hinne berne wêze en waard frijheidsstrider fan Fryslân. Hy hat him benammen fersetten tsjin it gesach fan it keninkryk Saksen, de keizer en de Hollanders "fan oer de Sudersee". Der stiet yn Kimswert in byld fan him.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Tsjerke

De Sint-Laurentiustsjerke stiet op in terp. It âldste diel fan de tsjerke is fan likernôch 1050. It romaanske dowestiennen skip is noch fan de 11e ieu. It koer waard der yn de twadde helte fan de 13e ieu by boud. Boppe de yngong fan de noardkant sit in yn reade sânstien útfierde timpaan (12e ieu of 13e ieu), makke fan in sarkofaachdeksel en fersierd mei in manljuskop mei útrinnersmotyf. De tsjerke hat letter ferskate feroarings ûndergien, lykas de beklamping fan de súdgevel. De dowestiennen toer ferriisde yn de 12e ieu en waard yn 1516 yn bakstien ferhege. Yn de toer hinget in troch Geert van Wou jitten klok (1515). It interieur wurdt dekt troch in houten tonferwulft. Ynterieur en ynventaris binne yn 1695 yn opdracht fan Tjaerd van Aylva yn let-maniëristyske styl fernijd. Hjirby hearre de betimmerings, de koarôfskieding, de preekstoel mei sniene bibelske tafrielen tusken tordearre kolommen, it doopstek, de tsjerkebanken mei snienen wangstikken en in ferdekte hearebank mei de wapens fan de famyljes Tijara en Heemstra. Fierders hat de tsjerke in troch Jacob Lous byldhoude sark (1614) op it grêf fan de famylje Heemstra en in troch W. Hardorff boud oargel (1858).

[bewurkje seksje] Mienskip

Ien fan de groepen fan Doarpsbelang hâldt him dwaande mei it doarpshûs "It Foarhaad", in oare mei kulturele saken en in groep dy't de bou fan it multifunksjonele sintrum begeliedt. It doarpskrantsje hjit De Mienskip. Der binne gjin winkels mar wol in skoalle. De Moudekrûpers is it pjutteboartersplak.

[bewurkje seksje] Ferienings

  • Greate Pier fan Wunseradiel - reuzegilde
  • Kimswert Delight - sjongen
  • Folksdûnsgroep Kimswert
  • Onderling Genoegen - hearesoos
  • Senioareclub
  • De Stipe - bern
  • De Helfrichs - keatsen
  • De Keuvelaars - frouljusbiljerten
  • OKK - muzyk
  • Piere Pôle - boarterstúnferiening
  • Fûgelwacht

[bewurkje seksje] Befolking

[bewurkje seksje] Strjitten

Buorren, Dyksterbuorren, Dyksterbuorsterleane, Dowegrêft, Grutte Pierwei, Grutte Reed, Harnzerwei, Ida van Tiarastrjitte, Jan Aukemabuorren, Jan Timmerstrjitte, Kimswerterleane, Kluurdawei, Lyts Achlum, Simon Sipmastrjitte, Sjoerd van Stratenstrjitte, Spaarlân, Streek, Súdterp, Tolhiksleane, Trijehoek, Under de Poarte, Winkelsterleane.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

53° 8' NB, 5° 26' EL

Oare talen


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -