Geart Aeilco Wumkes
Ut Wikipedy
Geart Aeilco Wumkes (4 septimber 1869, De Jouwer - 7 maaie 1954, Huzum) wie in teolooch en histoarikus.
Nei syn stúdzje teology yn Doetigem en dernei yn Utert waard hy herfoarme dûmny yn Hoarn op Skylge, yn Roden, Seeryp en yn in Snits. Hy wie mei oprjochter yn 1908 fan it Kristlik Frysk Selskip foar Fryske taal en literatuer. Ds. Wumkes wie fan 1910 oant 1936 learkrêft Hebrieusk op it Snitser Gymnasium. Yn 1924 waard er beneamd ta bibliotekaris fan de Provinsjale biblioteek. Fjouwer jier letter folge it foarsitterskip fan de Fryske ûnderwiisrie, dy’t bysûndere learstoelen wist te besetten foar it Frysk oan de hegeskoallen yn Amsterdam en Utert. Wumkes hat ferskate wittenskiplike en histoaryske boeken skreaun, foaral oer de skiednis fan Fryslân.
Ds. Wumkes hat in soad betsjut foar de Fryske taal. Hy wie dûmny en hy wie de earste dûmny dy’t in tsjinst yn it Frysk die. Dat die er op 3 jannewaris 1915 yn de Herfoarme tsjerke fan Tsjom. Hy sei: “Yn 'e memmetaal, omdat nei myn betinken soks it wiere is en it dy wei op moat’. Pas flak foar de tsjinst kundige Wumkes, dy’t allinnich syn frou it geheim ferklapt hie, syn revolúsjonêre foarnimmen oan. De ferbouwerearde diaken en âlderlingen koene net mear yngripe; de tsjerkeklokken lieden al. By it begjin fan de preek brocht Wumkes it tsjerkefolk op de hichte, de reaksjes wiene fol lof. Ien frou op leeftyd gie de tsjerke út, sy woe de tsjinst allinnich yn it Nederlânsk hearre.
Nei syn pensjoen begûn Wumkes oan syn moaiste projekt, lykas er it sels sei: it oersetten fan de bibel yn it Frysk. Mei stipe fan E.B. Folkertsma brocht Wumkes it Nije Testamint út yn 1933 en it Alde Testamint yn 1943.
Wumkes wie fan 1924 oant 1940 bibliotekaris fan de Provinsjale Biblioteek fan Fryslân, dêr't er tagong hie ta in protte boarnen, wêrûnder de jiergongen fan de Ljouwerter Krante. Wumkes publisearre út dy boarne geregeld yn it tiidskrift De Vrije Fries en yn it Nijsblêd fan Fryslân. Yn 1930 waard de Stads en Dorpskroniek van Friesland útbrocht yn druk, oer de perioade 1700-1800; diel twa oer de jierren 1800-1900 kaam fjouwer jier letter út.
Yn de Jouwer is de Dr. Wumkesskoalle nei him ferneamd.