Fryske talen
Ut Wikipedy
De Fryske talen foarmje in lyts subgroepke fan 'e Noardwestgermaanske talen, dy't wer diel útmeitsje fan 'e Westgermaanske talen.
De Fryske talen binne (Westerlauwersk) Frysk, Noardfrysk en Eastfrysk. Fan it Eastfrysk binne lykwols alle dialekten útstoarn, útsein it Sealterfrysk. De Fryske talen wurde as memmetaal sprutsen troch likernôch 610.000 minsken, benammentlik yn 'e Nederlânske provinsje Fryslân en fierders yn Noard-Fryslân en Sealterlân yn Dútslân.
Frysk | holle | foarholle | each | noas | mûle | tosk | kin | wang | sliep | ear |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Eastfrysk (Sealterfrysk) | Kop | Stierne | Oge | Nose | Mule | Tusk | Keeuwe | Soke | Tuddenge | Oor |
Noardfrysk (Mooring) | hood | foorhood | uug | noos | müs | täis | kan | siik | teening | uur |
Noardfrysk (Fering) | hood | braanj | uug | nöös | mös | tus | kan | sjuuk | uar |
De Fryske talen binne nau besibbe oan 'e Angelsaksyske talen. Hja hawwe har lykwols oars ûntwikkele troch de oanhâldende ynfloed fan omlizzende talen.