See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Broeksterwâld - Wikipedy

Broeksterwâld

Ut Wikipedy

de himrik fan Broeksterwâld
de himrik fan Broeksterwâld

Broeksterwâld is in middelgrut doarp yn de gemeente Dantumadiel mei 1.276 ynwenners (1 jannewaris 2004). It doarp leit yn it hert fan de Dokkumer Wâlden. De N356 ferbynt it doarp nei it noarden mei Damwâld en Dokkum, en nei it suden mei De Falom en Feanwâlden en fia de Boppewei mei de Westerein. Fia de Broekster Feart en de Falomster Feart is der ferbining mei de Swimmer.
Tsjintwurdich hat it doarp in protte wenten yn de frije sektor en beskikt it oer ien basisskoalle ( De Wel ), twa tsjerken en yn ferhâlding in soad lytse selsstannige ûndernimmers. Foar in protte foarsjennings binne de ynwenners lykwols oanwiisd op Damwâld, De Westerein of Dokkum. Omdat der in soad ûngelokken barden is der yn 2007 in rotonde oanlein yn de N356 op de krusing fan de Haadwei, de Kavelwei en de Easterleane.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Skiednis

It doarp is boud op ôf- en útfeante grûn. "Broek" betsjut "sompich lân". It hiele gebiet tusken de eardere doarpen Ikkerwâld, Moarmwâld en Dantumawâld stie earder bekend as "(De) Broek". No binne der westlik van Broeksterwâlde, rjochting Feanwâlden, noch altyd feanlânskippen te sjen, lykas It Bûtenfjild. Nammenrste mear men eastliker fan Broeksterwâlde komt, feroaret it lânskip hierltyd mear yn sângrûnen, tink dêrby oan De Zandhorst tichteby Driezum. It doarp leit op de grins fan de Dokkumer Wâlden Broeksterwâld is úntstien as wenplak foar arbeidersfolk yn de omkriten. Eartiids wie it in buorskip fan Ikkerwâld mei as namme De Ikkerwâldster Broek. Mar yn 1964 waard it plak in selsstandich doarp en krige it as offisjele namme Broeksterwâld. Lykwols hjit it yn de folksmûle noch hieltyd De Broek.

[bewurkje seksje] Mienskip

Trochdat it doarp lyts bleaun is is de mienskipssin grut. Der is in doarpshûs, De Pipegaal, en in soad ferieningen. Der is in soad te rêden : fan konserten en toanieljûnen oant tipelwedstriden en alle jierren in doarpsfeest.

[bewurkje seksje] Untwikkeling ynwennertal

[bewurkje seksje] Ferieningen

  • Broekster Boys - fuotbal
  • BSV - Broekster Sport Feriening
  • Sla Raek - keatsen en tipeljen
  • De Wâldsjitters - kloatsjitten
  • De Haleruiters - hynsteriden
  • Wâldflucht - dowehâlders
  • It moat kinne - toaniel
  • Winterwille - iisclub
  • Dit is wat us bynt - sjongferiening far manlju

[bewurkje seksje] Bekende Broeksterwâldster

  • Piet Jongeling (1909-1985), sjoernalist, fersetsman, politikus en berneboekeskriuwer.

[bewurkje seksje] Ferskaat

  • Letterdei Hilligen : Yn Broeksterwâld hat 22 septimber 1861 de earste Mormoanske doop yn Nederlân west, troch Anne van der Woude. Hjirfoar is letter yn it doarp in tinkstien oprjochte.
  • De "Grutte Mole" stiet oan de râne fan natuergebiet It Bûtenfjild.
  • De Goddeleaze Singel is in sânpaad wêr't in protte ferhalen oer besteane.

[bewurkje seksje] Strjitten

Atewei, Auke Jansstrjitte, Boskwei, Broekpôlen, Boargemaster Nautawei, Ds Dykstrawei, Ds Feitsmawei, Easterleane, Foksenpaad Haaiehoek, Hazzeleane, Haadwei, Jagerswei, Joh Tabesstrjitte, Kavelwei, Meekmastrjitte, Master Hamstrjitte, Patrimoniumwei, Piter Dantumastrjitte, Piter Durksstrjitte, Skutterswei, Schwartzenbergleane, Sjoerd Baukesstrjitte, Tenewei, Tjeerd Nautastrjitte, Westerleane, Willemstrjitte, Woudstrastrjitte.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

53° 16' NB, 5° 60' EL

Oare talen


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -