See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Driezum - Wikipedy

Driezum

Ut Wikipedy

de himrik fan Driezum
de himrik fan Driezum

Driezum (Driesum) is in doarp mei in 964 ynwenners ( jannewaris 2007 ) yn de gemeente Dantumadiel. It doarp is it meast eastlike fan de Dokkumer Wâlden. Oan de westkant fan Driezum leit it twillingdoarp Wâlterswâld, dêr't Driezum in protte ferienings mei dielt. Yn it agraryske doarp waard eartiids sûkerei, mar ek woartels ferboud. Driezum waard dêrom ek wol de Woartelstêd neamd. Der is in iepenbiere skoalle yn it doarp.

It doarp moat al yn it earste milennium bewenne west ha. De earste bewenners makken fan de terp ôf, Efterwei/van Sytzamawei, in as yn kultuer. Heaks dêrop waarden lange sletten groeven. Op it plak fan it earste houten tsjerkje ûntstie letter de earste buorren. Yn de Midsieuwen stienen der wol fiif stinzen: Canter State, Halbada State, Ophuystra State, Jarichsma State en Rinsma State. Fan Driezum rûn de Driezumer Feart nei de Driezumer Mar. Fan de mar rûn de Driezumer Ryd de Driezumer terp bylâns fierder nei it noarden, en kaam troch de Driezumer Syl út yn it Dokkumer Djip.

Ynhâld

[bewurkje seksje] Terp

In lytse twa kilometer oan de noardkant fan Driezum leit de Driezumer terp. De terp is yn de Twadde Wrâldoarloch ôfgroeven. Op de terp stie de Canter State, dy't yn de 19e ieu ôfbrutsen is. Ek de terp is foar it grutste part ôfgroeven. By graafwurk oan in sleat by de terp binne yn 1895 in soad Romeinske munten fûn.

[bewurkje seksje] Rinsma State

Oan de eastkant fan Driezum leit it buorskip Eastwâld. Tusken Driezum en Eastwâld leit Rinsma State, fan âlds in aadlike state dêrt de baronnen van Sytsema wennen oan 1931 ta. Guon fan harren wiene boargemaster fan Dantumadiel. Douwe Jan Vincent van Sytzama is de bekendste út dit aadlike geslacht. Hy wie de earste boargemaster fan Dantumadiel, lid fan de Fryske Steaten en keamerhear fan Willem III. Yn 1942 waard it in hûs foar de âlderein mar troch bommen en brân waard it yn de oarloch fernield. Ek it wetterskip hat der letter noch in skoftke yn sitten. Fan 1971 oant 1999 wie de state it gemeentehûs fan Dantumadiel. It is no yn besit fan de Van Sytzama Stifting. Om Rinsma state hinne leit in park, better bekend as de Driezumer bosk.
Efter Rinsma state is yn 1972 it baggerdepot Petsleat/Swemmer oanlein. Dit baggerdepot is yn 1985 omfoarme ta rekreaasje- en natoerterrein "Rinsma pôlle".

[bewurkje seksje] Mienskip

De feriening foar Dorpsbelangen Driesum hat in beliedsplan opsteld foar de perioade 2001 - 2011 mei de namme: "Driezumer takomst woartele yn it ferline". Der wurdt geregeld mei de gemeente oerlein. Mei Walterwâld hat Driezum in doarpskrante.

[bewurkje seksje] Ferieningen

Ien kear yn't jier, sa ein augustus wurdt de Kennedymars fan Driesum nei Wâlterswâld organisearre. It giet der om, binnen 20 oeren 80 km. te rinnen. In oar evenemint is de hyndertriatlon Driezum-Wâlterswâld.

  • VV VIOD - fuotbal
  • De Fleanende Pylken - darts
  • Onvoorspelbaar - biljerten
  • Utdagers - biljerten
  • Lyts Begjin - keatsen
  • Excelsior - muzyk
  • Jubilate deo - sjongen
  • De Wâldtsjers - folleybal
  • Fûgelwacht Driezum-Wâlterswâld
  • Redsum - gymnastyk
  • Ut 'e Sleur - feest
  • It Plûmke - badminton

[bewurkje seksje] Befolking:

[bewurkje seksje] Berne yn Driezum

  • Willem Buma of Bonninga, ien fan de ûndertekeners fan it Ferbûn fan Ealju
  • in Geertruida, dy't troch Fredericus, de earste abt fan Mariëngaarde, oansteld waard as opsichter foar oare kleasters.
  • Jannes van der Wal (12 novimber 1956) - dammer († 1996).

[bewurkje seksje] Strjitten

Achterwei, Canterstrjitte, De Steech, Foarwei, Freulestrjitte, Headollewei, Hjerre Gjerrits van der Veenstrjitte, Mr. Hofstrastrjitte, Tsjerkestrjitte, Kolkensleane, Nijewei, Eastwâld, Ophuijstrawei, Sape Meyerstrjitte, Singel, Terpwei, Trekwei, Van Sijtzamawei, Wâlddyk.

[bewurkje seksje] Sjoch ek

[bewurkje seksje] Keppeling om utens

53° 18' NB, 6° 3' EL

Oare talen


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -