See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Dokkumer Wâlden - Wikipedy

Dokkumer Wâlden

Ut Wikipedy

De Dokkumer Wâlden is in gebiet op in sânrech krekt súdlik fan Dokkum. Dizze sânrech leit tusken de klaaigrûn oan de noardkant en in feangebiet oan de súdkant. It is in rûtfoarmich gebiet mei de noardpunt efkens ten suden fan Dokkum, de sûdpunt by De Falom en fan east nei west tusken Driezum en Rinsumageast.
Yn dit gebiet lizze de neikommende doarpen:

It doarp Rinsumageast sels wurd meast net ta de Dokkumer Wâlden rekkene.

It lânskip fan de Dokkumer Wâlden wurdt bepaald troch elzesingels dy't de ôfskieding foarmje fan de stikken lân. As hegere grûn hawwe de wâlden nei alle gedachten al ier bewenne west. Argeologyske fynsten út it Mesolitikum tsjutte op minsklike oanwêzigens yn de Dokkumer Wâlden mear as 4000 f. Kr.

De permaninte bewenning fan de Dokkumer Wâlden is begûn yn de 11e of 12 ieu. It gebiet wie doe noch heechfean en is fanút it klaaigebiet ûntgûn. Fanút de klaairâne is in opstrekkende ferkavelingsstruktuur opset nei it sûden ta. De bewenning lei dwars op dizze ferkavelingsstruktuur, in rige lintdoarpen dy't bestie út Ikkerwâld, Moarrewâld, Dantumawâld, Wâlterswâld en Driezum. De measte doarpen binne nei in skofstje wer opskout nei it sûden, nei hegere grûn. Allinich Driezum bleau op itselde plak lizzen om't de sânrêch hjir in stik smeller wie. Wâlterswâld is ek wat in útsundering om't it twa bebouwingstreken hat, de noardelike rige bebouwing fan de achterwei en de nijere bebouwingsrige fan de foarwei, dy't yn it ferlingde leit fan de bebouwing fan de doarpen dy't no Damwâld foarmje.

It doarp Broeksterwâld is untstien op it doarpsgebiet fan Ikkerwâld, it stie foar it de offisjele doarpstatus krige bekind as Broek ûnder Ikkerwâld.
It grutste doarp Damwâld is yn 1971 ûnstien troch it gearfoegjen fan de doarpen Ikkerwâld, Moarrewâld en Dantumawâld.

[bewurkje seksje] Literatuer

  • Dr Botke - Dantumadiel
Oare talen


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -