Damwâld
Ut Wikipedy
Damwâld is in doarp yn de gemeente Dantumadiel yn Noardeast Fryslân. It leit sa'n 5 kilometer súdlik fan Dokkum. Damwâld is mei likernôch 7000 ynwenners it grutste doarp fan de gemeente. It is dan ek it haadplak fan de gemeente.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Underwiis
- basisskoallen: "Dr. J. Botkeskoalle", "De Fontein" en "De Bron"
- mafû: "De Saad"
- Ynternaat De Wingerd" - foar moeilik learende bern
[bewurkje seksje] Gearfoeging
Damwâld is yn 1971 ûnstien by de gearfoeging fan Dantumawâld, Ikkerwâld en Moarrewâld. De namme DAMwâld ferwiist nei de begjinletters fan de trije doarpen yn it Nederlânsk, Dantumawoude, Akkerwoude en Murmurwoude.
It ferkoarte Dam bestie earder ek al en waard brûkt foar Dantumawâld. Bygelyks yn de namme Damwoudster trekweg of de Dammeloane.
[bewurkje seksje] Dantumawâld
De tsjerke moat om 1200 hinne boud wêze en yn 1755 ôfbrutsen. De earste boarnen skriuwe yn 1369 oer "Dointhimwalda", letter wurdt dit yn 1421 "Dontimwalda" en yn 1505 Dantumwald. Dont fiist op in hege sânrêch yn in fierder sompich feangebiet. Dizze dont rint fan Driezum en Damwâld nei Rinsumageast. Op dizze sânrêch hawwe yn de rin fan de tiid in soad foaroansteande famyljes wenne yn Dantumawâld. It docht bliken út de states en stinzen dy't hjir stienen en stean:
- Botnia State, op de byhearrende grûn is no it Lânskipsaktiviteitesintrum Botniahiem
- Bonga State
- Donia State
- Ewinga State
- Onnemahûs
- Plantenhove
Befolking: 1954:1144, 1959:1114, 1964:1052, 1969:752.
[bewurkje seksje] Ikkerwâld
Foardat it gebiet ôfgroeven waard wie de grûn geskikt foar lânbou. It doarp krige dêrtroch har namme. Mar nei de feanterij bleaun der skrale sângrûn oer. Hjir stiene ek aadlike huzen:
- Grut Saakma en Lyts Saakma
- Jousma State
- Remmersma State
[bewurkje seksje] Moarrewâld
It doarp is boud op de Murimma terp, en krige har namme troch moarre nei de swarte (wiete) feangrûn dêr't letter turf fan stutsen waard. Hjir hawwe ek in soad aadlike huzen stien. Yn Moarrewâld kaam yn 1881 by de Krúswei in nij gemeentehûs te stean. Befolking: 1954:1584, 1959:1584, 1964:1746, 1969:2049. De kearnen fan dy âlde doarpen binne noch altyd goed werkenber. Dâmwâld stiet bekend as in tige tsjerks doarp.
It âldste diel fan de herfoarme tsjerke dy't wijd wie oan Sint Benediktus is út de 12e ieu.
[bewurkje seksje] Befolking:
[bewurkje seksje] Ferieningen
Yn Damwâld stiet sporthal De Boppeslach.
- Broekster Bouys - fuotbal
- De Wâlden - fuotbal
- K '75 - basketbal
- Nut en Nocht - keatsen
- Blauwe Doffer - dowen
- 't Honk - grifformearde jongerein
- Hjir Binne We Dan - toaniel
[bewurkje seksje] Ferskaat
- Oan de Trekwei komt skielk it iepenloftmuseum "De Sûkerei"
- In bekende Damwâldster is keunstskilder Jan Kooistra
- Geart Arend Roarda spilet by SC It Hearrenfean
[bewurkje seksje] Strjitten
Alle strjitten yn Damwâld.