Feanwâlden
Ut Wikipedy
Feanwâlden (Veenwouden) is in doarp mei likernôch 4.000 ynwenners yn de gemeente Dantumadiel. It leit oan it spoar fan Ljouwert nei Grins. It foarmet in doarpsmienskip mei it buorskip Feanwâldsterwâl, dat troch in feartsje skieden is yn in part dat by Dantumadiel en in part dat by Tytsjerksteradiel heart. Under Feanwâlden lizze ek it útbuorrentsje Heidstreek, Tytsjerksteradiel, en it buorskip Kûkherne dat yn trije gemeenten leit (Achtkarspelen en de boppeneamde twa).
De namme "Feanwâlden" is de iennige plaknamme mei in 'n' efter "wâlde". It plak is earder ûntstien út de plakken Johanneswâld en Eslawâld. Johanneswâld lei wêr't de Johannestsjerke en de Skierstins no steane en Eslawâld moat krekt benoarden it hjoeddeiske Feanwâldsterwâl lein hawwe. Yn de rin fan de lêste jierren hat Feanwâlden him sterk ûntwikkele ta in forinzeplak. De stoptrein stoppet twa kear yn 'e oere, yn beide rjochtings, by it stasjon oan it spoar Ljouwert-Grins.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Mienskip
It doarpshûs hjit De Mienskip. It multifunksjoneel sintrum yn Feanwâlden is in stapke tichterby kaam troch de oankeap fan de âlde drogisterij yn de Haadstrjitte. Der wurdt al jierren neitocht oer de bou fan in multifunksjoneel sintrum. It doarpskrantsje Doarpskompas fan de Feriening Doarpsbelangen wurdt yn eigen behear fersoarge en besoarge yn Feanwâlden, Feanwâldsterwâl, Bûtenfjild en Kûkherne. De Thein de Vriesskoalle en De Frissel binne de beide skoallen fan it doarp.
[bewurkje seksje] Ferienings
- Motorklub
- SK Feanwâlden - fuotbal
- Excelsior - brassband
- Autocrossteam
- It Kompas - dowen
[bewurkje seksje] Befolking
[bewurkje seksje] Strjitten
Alle strjitten yn Feanwâlden.
De Lysterstrjitte yn Feanwâlden kaam yn jannewaris 2005 folop yn it nijs troch in buorre-ynsidint.
[bewurkje seksje] Gebouwen
- Midden yn it doarp stiet de de ienige oerbleaune stiennen ferdigeningstoer yn Fryslân: de Skierstins út 1100.
- De Herfoarme Tsjerke fan 1648.
[bewurkje seksje] Persoanen
- Theun de Vries, skriuwer is hjir hikke en tein. Hy publisearre syn proaza yn it Nederlânsk, mar foar poëzij brûkte er it Frysk. Der is wol proaza fan him nei it Frysk ta oerset. De roman Stiefmoeder aarde/Stiefmem ierde is troch Jan de Jong, Snits, nei it Frysk ta oerset.
- Durk van der Ploeg, skriuwer.
- De muzykband De Kast hie hjir har residinsje.
- Douwe Kootstra, skriuwer.
- Bertus Mulder, steatelid en deputearre fan Fryslân (PvdA).
- Bert Looper, direkteur Tresoar.