Skierstins
Ut Wikipedy
Om 1300 hinne is yn Feanwâlden de Skierstins boud. It âldst bekende dokumint oer de Skierstins is in stik fergield perkamint út it jier 1439. Dêryn wurdt oer it Schira Monnika huse skreaun. De Skierstins is de lêste oerbleaune stins yn Fryslân dy't net ôfbrutsen is en dy't net ynboud is yn in state. De stins komt út de 14e ieu en is it ienige oerbleaune stienhûs yn Fryslân.
Ynhâld |
[bewurkje seksje] Skiednis
De stins waard boud om 1300 hinne. Letter waard it gebou bekend as de Skierstins. De stins is neamd nei de mûntsen fan it Kleaster Klaarkamp (Claercamp) by Rinsumageast, dy' ta de Bernardinen of Skiere mûntsen hearden. Hja hienen de stins yn 1429 yn besit krigen en brûkten dy as úthôf.
Yn de twadde helte fan de 16e ieu waard kaam it yn partikuliere hannen en waard it fergrutte. Om 1814, doe't de destiidske boargemaster fan Ljouwert Thijs Feenstra eigener waard, telde de toer twa oanbouwen en wienen om it kompleks in simmerhûs, in hystestalling, in hôving en in park oanlein. Oan de ein fan de 19e ieu wie de Skierstins lykwols sa ferfallen dat der oer sloop praten waard. Mei op inisjatyf fan it Frysk Genoatskip waard it gebou yn 1906 restaurearre. Oant 1960 waard de Skierstins brûkt as postkantoar. Neidat de gemeente Dantumadiel eigenaresse wurden wie, folge begjin jierren sechtich in nije restauraasje. Dêrnei waard de Skierstins earst in museum (mei in rieds- en in trouseal) en letter in kultureel sintrum. Yn 1999 waard de boppeferdjipping ferboud ta eksposysjeromte.
[bewurkje seksje] Theun de Vrieskeamer
Yn 2000 waard yn de Skierstins in Theun de Vrieskeamer ynrjochte, in keamer foar in permaninte tentoanstelling oer de yn Feanwâlden berne skriuwer Theun de Vries. De kolleksje, dy't beheard wurdt troch it Theun de Vriesgenoatskip, waard yn 2008 frijwat útwreide, doe't in partikulier syn grutte samling oer de Vries oan it genoatskip skonk.
[bewurkje seksje] Stinzefloara
In de tún rûnom de Skierstins is in fariearre stinzenfloara te besjen. De beneaming stinzeplanten, dy't troch de botanikus Botke yn 1932 foar it earst brûkt waard, ins mooglik ynspirearre troch it feit dat de bewenners fan Feanwâlden it by de Skierstins groeiende knolsteenbreek mei stinzeblomkes oantsjutten.
[bewurkje seksje] Sjoch ek
[bewurkje seksje] Keppeling om utens
- Webstee fan de Skierstins (Nederlânsk).