Stins
Ut Wikipedy
In stins wie foarhinne yn de provinsje Fryslân in hearehús of boarch. It wurd "stins komt fan "stienhús". Dêrby muot dan lykwols tocht wurde oan bakstien. De stinzen fungearre of as flechtboarch by in houten, state, of binne yn letter tiid útwreide ta stienen states. De ienichste útsûndering hjirby is de noch hieltiid net ynboude Skierstins. Alle eardere stinzen hjitte troch dizze ûntwikling no "state".
De hearehúzen wiene oarspronklik it besit fan de adelike famyljes dy't oer in soad lân beskikten. It meastepart fan de stinzen is yn de 19e ieu ôfbrutzen, omdat goed ûnderhâld faak te djoer waard foar de eigners. Yn guon fan de noch besteande stinzen binne tsjintwurdich museums fêstige.
Stinsen komme ek foar yn East-Fryslân en yn Grinslân. Yn dizze kontrijen hjitte dy lywols boargen. Faak lizze by stinsen en boargen prachtige krudetúnen. Foar krudetúnen dy't al út de 16e ieu of 17e ieu stamje wurdt it wurd stinsetún brûkt.