Navarra
Ut Wikipedy
Flagge | Wapen |
---|---|
80px | |
Lokaasje yn Spanje | |
Algemien | |
Haadstêd | Pamplona |
Oerflakte | 10.391 |
Befolking | 600.027 |
Befolkingstichtens | 60,22 |
Oare ynformaasje | |
Heechste punt | |
Provinsjes |
Navarra (offisjeel: Comunidad Foral de Navarra) is ien fan de 17 Spaanske regio's. It leit yn it noarden fan it lân, eastlik fan Baskenlân en Frankryk, noardlik fan La Rioga en westlik fan Arragon. Navarra is sawol in selsstannige regio as in provinsje, krekt as Kantaabrje en Astuerje. Haadstêd fan Navarra is Pamplona (Baskysk: Iruña), in stêd mei om-ende-by 190.000 ynwenners.
[bewurkje seksje] Taal
Yn Navarra wurdt sawol Spaansk as Baskysk sprutsen. Kultureel en histoarysk besjoen heart it by it Baskyske gebiet. Eartiids makke it ek diel út fan it Keninkryk Navarra. De lêste jierren ferliest it Baskysk yn Navarra lykwols terrein op it Spaansk, omdat de taal yn tsjinstelling ta de oanbuorjende regio Baskenlân amper yn it ûnderwiis brûkt wurdt.