See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
Mata Hari - Wikipedy

Mata Hari

Ut Wikipedy

Mata Hari (berne 7 augustus 1876 - ferstoarn 15 oktober 1917) is ien fan Fryslâns meast besprutsen dochters. Har namme is suver synonym foar seks en yntrige.

Mata Hari

Mata Hari

As Margaretha Geertruida Zelle waard se yn Ljouwert berne as dochter fan huoddemakker Adam Zelle en syn frou Antje van der Meulen. Se krige priveeles yn ferskate bûtenlânske talen. Nei de skieding fan har âlders yn 1890, en it ferstjerren fan har mem in jier letter, waard se troch har omke nei de kweekskoalle yn Leien stjoerd, mar dy makke se net ôf. Yn 1895 troude se mei kaptein Rudolf Campbell MacLeod, dy't fan Skotske ôfkomst wie, mar tsjinne yn it Nederlânske leger by de KNIL. Se setten har ta wenjen yn Amsterdam dêr't se in jonkje krigen. Yn 1897 gie de húshâlding nei Nederlânsk Ynje en wenne dêr oant 1902 op Java en Sumatra. Nei it ferstjerren fan harren soantsje gongen Margaretha en har man werom nei Nederlân, mar fuort dêrnei ferliet se McLeod.

Margaretha Zelle gie nei it mondêne Parys dêr't se earst as Lady McLeod en letter as Mata Hari (Maleisk foar: Each fan de dei, oftewol sinne) namme makke as bleatdûnseres. Troch har pikante optredens waard se oant fier bûten Parys in hit, net yn it lêste plak fanwege har eskapades mei by foarkar hege militêre ofsieren.

Dat lêste soe har fataal wurde. Se spûn in reach fan feiten en fiksje dêr't se sels yn fertize soe. Oant hjoed-de-dei is net dúdlik of se werklik spionaazje wurk fan ienich belang dien hat. Der wurdt sein dat har yn 1916 yn De Haach jild oanbean is troch de Dútske konsul foar ynformaasje út Frankryk. Mata Hari sels bewearde dat se as spionne foar de Frânsen wurke hie yn Belgje en dêrby 'ferjitten' wie har Frânske opdrachtjouwers te ynformearjen oer eardere, troch har ûnbelangryk achte, kontakten mei de Dútsers. It skynt dat de Britske geheime tsjinst lucht krigen hie fan har Dútske kontakten en de Frânsen dêr oer ynformearre hat. De boarnen dêr oer binne net al te dúdlik.

Op 13 febrewaris 1917 arrestearren de Frânsen Mata Hari yn Parys. Se waard opsletten en stie op 24 en 25 july fan dat jier foar in militêre rjochtbank, dy't har ta de kûgel feroardielde. It fonnis waard op 15 oktober 1917 útfierd yn Vincennes, flak by Parys. Se is 41 jier âld wurden.

It deafonnis fan Mata Hari is omstriden en sterk bekritisearre, ek fan Nederlân út. De meast hearde krityk wie dat der in sûndebok fûn wurde moast en dat Mata Hari dêr fanwege har losse libbensstyl, bekendheid en profesje foar offere is. As de wierheid al bekend is, dan leit dy ferburgen yn de argiven fan it Frânske Ministearje fan Oarloch en fan Scotland Yard.

Sûnt har dea is de namme "Mata Hari" hast synonym wurden mei "Spionne-Koertisane". Ek twa films oer har libben en dea, yn 1932 mei Greta Garbo as Mata Hari, en yn 1965 mei Jeanne Moreau, hawwe bydroegen ta dit byld. Mar lykwols wurdt se yn har bertestêd eare; yn Ljouwert stiet yn de stêd fan har in stânbyld, en yn it Frysk Museum is ek it Mata Hari Museum opnaam.


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -