See also ebooksgratis.com: no banners, no cookies, totally FREE.

CLASSICISTRANIERI HOME PAGE - YOUTUBE CHANNEL
Privacy Policy Cookie Policy Terms and Conditions
De Haach - Wikipedy

De Haach

Ut Wikipedy

It Binnenhôf, it politike sintrum fan Nederlân.
It Binnenhôf, it politike sintrum fan Nederlân.

De Haach (Den Haag; eartiids 's-Gravenhage) is in stêd en gemeente yn de provinsje Súd-Hollân, dêr't it de haadstêd fan is. De gemeente hie op 1 jannewaris 2005 468.421 ynwenners en hat in gebiet fan 85,65 km2. Nei grutte is De Haach de tredde stêd fan Nederlân (efter Amsterdam en Rotterdam), en de stêd is foaral wichtich as machtssintrum; de keninginne, de ministerrie en de Steaten-Generaal (Earste en Twadde Keamer) hawwe hjir har residinsje.

[bewurkje seksje] Stêdsbyld

Yn ferhâlding hat it sintrum fan De Haach net in soad âlde gebouwen, om't de stêd mar let stedsrjochten krige. In pear histoaryske gebouwen binne der al, lykas it Binnenhof en it Mauritshús, wat tsjinwurdich yn gebrûk is as museum. De measte monuminten binne lykwols boud yn de njoggentjinde en tweintichste ieu; it Panorama Mesdag, it Lange Voorhout en resinter it nije stêdhús, binne dêr foarbylden fan.

De Haach hat troch syn besûndere lizzing krekt efter de dunen altyd in soad rike minsken oanlutsen.

[bewurkje seksje] Skiednis

Yn 1248 fêstige de Hollânske greve Willem II op it plak fan De Haach syn residinsje, it hjoeddeiske Binnenhof. Dit barren wurdt no beskôge as de stifting fan de stêd. It plak hjitte doe Die Haghe; de namme 's-Gravenhage waard earst yn de santjinde ieu optocht, en is dus nét de âldste namme. Willem syn soan Floris V liet de Ridderseal bouwe. Hoewol't it de neikommende ieuwen woeks ta in plak fan in paar tûzen ynwenners, krige De Haach gjin stedsrjochten, om't de greven harren residinsje leaver sels bestjoere woenen.

Ek yn de tiid fan de Republyk bleau De Haach in doarp, ek al waard it wichtiger as regearingssintrum doe't de Steaten-Generaal en de stêdhâlder har dêr fêstigen. Tusken 1600 en 1800 woeks it doarp fan 15.000 nei 40.000 ynwenners, en benammen doarpen as Skeveningen, Wassenaar en Ryswyk waarden ta bûtenwiken foar de elite. In 1806 krige de stad fan it Frânske bewâld stedsrjochten, wat lykwols sûnt de grûnwet fan 1848 gjin steatkundige betsjutting mear hat.

Yn 1870 hie de stêd al 100.000 ynwenners, yn 1900 - it De Haach fan Louis Couperus - al 200.000. Yn de stêd, dy't altiten mei de elite assosearre waard, festigen har yn dy tiid in soad arbeiders, yn nijbouwiken lykas de Skilderswyk en it Laakkertier. De Haachske Skoalle makke yn dy tiid namme mei in soad bekende skilders. Ek krige de stêd net minder as twa haadstasjons, fan twa spoarbedriuwen: ien oan it spoar fan Amsterdam nei Rotterdam, De Haach Hollânske Spoar, en ien oan it spoar nei Utert, De Haach Steatsspoar.

De gemeente anneksearre yn de tweintichste ieu in tal lytsere gemeenten, lykas Loosduinen en Skeveningen. Resint is ústeld ek Ryswyk en Foarburch troch De Haach anneksearje te litten.

Yn de Twadde Wrâldkriich wie De Haach in Dútske festingstêd.

[bewurkje seksje] Keppeling om utens


aa - ab - af - ak - als - am - an - ang - ar - arc - as - ast - av - ay - az - ba - bar - bat_smg - bcl - be - be_x_old - bg - bh - bi - bm - bn - bo - bpy - br - bs - bug - bxr - ca - cbk_zam - cdo - ce - ceb - ch - cho - chr - chy - co - cr - crh - cs - csb - cu - cv - cy - da - de - diq - dsb - dv - dz - ee - el - eml - en - eo - es - et - eu - ext - fa - ff - fi - fiu_vro - fj - fo - fr - frp - fur - fy - ga - gan - gd - gl - glk - gn - got - gu - gv - ha - hak - haw - he - hi - hif - ho - hr - hsb - ht - hu - hy - hz - ia - id - ie - ig - ii - ik - ilo - io - is - it - iu - ja - jbo - jv - ka - kaa - kab - kg - ki - kj - kk - kl - km - kn - ko - kr - ks - ksh - ku - kv - kw - ky - la - lad - lb - lbe - lg - li - lij - lmo - ln - lo - lt - lv - map_bms - mdf - mg - mh - mi - mk - ml - mn - mo - mr - mt - mus - my - myv - mzn - na - nah - nap - nds - nds_nl - ne - new - ng - nl - nn - no - nov - nrm - nv - ny - oc - om - or - os - pa - pag - pam - pap - pdc - pi - pih - pl - pms - ps - pt - qu - quality - rm - rmy - rn - ro - roa_rup - roa_tara - ru - rw - sa - sah - sc - scn - sco - sd - se - sg - sh - si - simple - sk - sl - sm - sn - so - sr - srn - ss - st - stq - su - sv - sw - szl - ta - te - tet - tg - th - ti - tk - tl - tlh - tn - to - tpi - tr - ts - tt - tum - tw - ty - udm - ug - uk - ur - uz - ve - vec - vi - vls - vo - wa - war - wo - wuu - xal - xh - yi - yo - za - zea - zh - zh_classical - zh_min_nan - zh_yue - zu -