Koeweit
Ut Wikipedy
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta. |
|
Koeweit is in lan yn Midden-Easten. De haadstêd is ek Koeweit en de emir fan de monargy is sûnt 2006 Sabah Al-Ahmad Al-Jaber Al-Sabah.
Koeweit wurdt begrinzge troch:
- de Persyske Golf yn it easten;
- Saûdy-Araabje yn it súdwesten;
- Irak yn it noardwesten.
[bewurkje seksje] Demografy
Arabieren meitsje om-ende-by 57% fan de befolking út fan Koeweit. Yn de 20e ieu is de befolking fan Koeweit, foaral fanwege de komst fan in proatte arbeiders (de saneamde ekspats), ferfyftichfoudige. Under de ekspats binne in soad steatenleaze Arabieren lykas bedoeïenen) en fjirder immigranten út lannen as Pakistan, Bangladesh en de Filipijnen. De befolking is foar 85% moslim.
[bewurkje seksje] Skiednis
Koeweit makke fan ôf de 8e ieu part út fan it Abbasidenryk. Letter waard it opnommen yn it Ottomaanske ryk (16e ieu), der't lang om let ek in foarm fan selstannigens krige yn de foarm fan in prinsdom. De tsjinwurdige hearskende famylje stamt ôf fan ien fan dizze prinsen, sjeik Sabah al-Awwal, dy't hearske fan 1756 oant 1772.
Yn 1899 tekene de doetiidske prins, sjeik Mubarak, in ferdrach mei de Britten, der't troch it in Britsk protektoraat waard. Yn 1914 erkende de Britske oerheid Koeweit as in ûnôfhinklik lan, mar wol ûnder Britske proteksje. Yn 1961 waard Koeweit folslein ûnôfhinklik. Yn de tuskentiid hie de ûntdekking fan olie liede ta in grutte rykdom. Dit luts in proatte gastarbeiders oan, dy't gjin steatsboargerskip krije koenen.
Alhoewol't it lan in bûnsmaat wie fan Irak tiidens de Irak-Iran oarloch, waard it troch Irak beset en annekseard op 2 augustus 1990. De besetting wie it begjin fan de Golfoarloch fan 1990-1991, der't Koeweit yn jannewaris 1991 troch in ynternasionale koalysje ûnder lieding fan de Feriene Steaten waard befrije.